peoplepill id: truus-postma
TP
Netherlands
4 views today
4 views this week
Truus Postma
Dutch physician

Truus Postma

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Geertruida Ebeldina (Truus) Postma-van Boven (Assen, 20 augustus 1927 - Grins, 24 desimber 2014) was in Nederlânsk hûsdokter.

Hûsarts Truus Postma út Noardwâlde waard troch it Iepenbier Ministearje foar it rjocht dage omdat se op 19 oktober 1971 har terminaal sike mem Margina van Boven-Grevelink (78) in deadelike doasis fan 200 milligram morfine jûn hie yn ferpleechhûs Mariënhof - it hjoeddeiske Stellinghaven - yn Easterwâlde.

Se wie hjita komd pmdat it fersyk fan har mem om eutanasy meardere kearen ôfwiisd wie. Genêshear-direkteur Jan Gol beloofde foarôf dat hy in natuerlike dea-oarsaak opskriuwe soe, mar skeakele letter dochs de Offisier fan Justysje yn.

Mear as 1.700 Noardwâldsters, meast pasjinten fan Truus Postma en har man Andries - ek hûs sarts - begûnen in hântekeningenaksje wêrnei't de kwestje lanlik - en ek ynternasjonaal - bekend waard. It 'Ljouwerter eutanasyproses' begjin 1973 waard wrâldnijs: it wie de earste grutte eutanasyrjochtsaak yn Nederlân, de kwestje waard ek it begjin fan de eutanasydiskusje yn Nederlân.

Truus Postma - pionier tsjin wil en tank, omdat útlekte wat bedoeld wie as famyljegheim - waard úteinlik troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta in foarweardlike finzenisstraf fan 1 wike mei in proeftiid fan in jier.

De saak-Postma wie ek de start fan de Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE), dy't yn 1973 yn Finkegea troch ynwenster en maatskiplik wurker Klazien Sybrandy-Alberda mei har man Jaap Sybrandy oprjochte waard.

Yn 1987 lei it echtpaar Postma syn dokterspraktyk yn Noardwâlde, dy't se tegearre yn 1957 oernomd hiene fan dr. Lemain, del en gie it artsenechtpear mei pinsjoen.

Op 20 maart 1993 joech Andries Postma aa destiidsk NVVE-fertrouwensarts in letale doasis oan de ^ngenêslik sike Marie van Noord (65) út it Drintske Rolde, neidat har hûsarts Drijfholt dat - ûndanks in tassizzing - wegere.

Andries Postma is yn desimber 2006 ferstoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch ekk Laat me sterven voor ik wakker word, skiednnis fan de earste tsien jier fan it publike debat oer de ‘mylde dea’ en de Nederlânske eutanasypraktyk troch Ben Herbergs (Amsterdam/Brussel, 1984)
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Truus Postma is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Truus Postma
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes