peoplepill id: thijs-meester
TM
Netherlands
2 views today
2 views this week
The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Thijs Meester is in Fryske akteur, sjonger, poppespiler en presintator út Ljouwert.

Horeka en dinnershows

Thijs Meester wurke jierren yn de hoareka. As akteur is er in selfmade man dy’t op syn achttjinde al op it toaniel stie.Yn 2013 wie hy foar Taptoe Frjentsjer presintator fan de Agrarische dagen. Yn 2012 en 2013 presintearre hy de dinershow Spoonk up your live. Ferskate rollen spile hy destiids ek yn dinnershows lykas De Bruiloft, de Butler Academie en Drie Decadente Dames. Sûnt 2010 rjochtet Thijs Meester him hielendal op muzyk en teäter meitsjen.

Akteur

Mei Gonneke van Hoesen Korndorfer spile Thijs Meester yn de foarstelling Hubert en Betty. Fan 2017 oant 2019 spile hy mei Wybe Koldyk ynDe Grins. It stik gie oer de takomst fan Fryslân, it Frysk en de kultuer.

Rjocht yn ’t hert wie in swarte en muzikale Fryske komeedzje mei Inez Timmer. It wie in bewurking fan it stik Midden in’s Herz fan Angelika Bartram. De oersetting en rezjy wiene fan Hans Brans.

Yn 2020 wiene foarmen fan argewaasje it tema fan syn programma Mens erger je niet. Troch de coronapandemy is dy foarstelling ynearst útsteld.Yn de foarstelling mei lietsjes en ferhalen giet it ek oer de dea fan syn mem dy’t harsels tekoart dien hat. It stik is diels Frysk en diel Nederlânsk. Piter Wilkens, Marcel Smit en Sander Stienstra skreaunen spesjaal foar de foarstelling nij repertoire. De muzikale begelieding wie fan instrumentalist en komponist Tseard Nauta.

Rollen as akteur/sjonger

  • Smokkelbern - 4 rollen yn in muzykteäter oer 220 smokkelbern yn de Twadde Wrâldoarloch (2020-2021); regy Ypy Zysling
  • Mens erger je niet - earste solofoarstelling (2020) eigen produksje
  • Salomon - It Kollumer oproer – Abele Keuning, lieder fan de patriotten, fijân fan Salomon en Jan Binnes (2010)regy Stefan de Jong en Atsje Lettinga
  • De Wylde Boerinne – as boer Lammers (2018) , regy Ypy zysling
  • Rjocht yn 't hert - Fryske komeedzje mei Inez Timmer (2020), regy Hans Brans
  • Herrie in Herreturf - haadrol (musical foar It Posthûs, ( 2021-2022)
  • Gribelalisla - meiGonneke van Hoesen Korndorfer, Hans van der Eems, Marjolein Brouwer, Volker Hanke
  • Elk Sines - as Ids, Johannes, Nico, Sieswerda en Frans; muzykteäter mei Klaasje Postma en Freark Smink (2019)
  • Master Gysbert I en II – as billy en kibbel en Ling; bernefoarstelling yn opdracht fan de Gysbert Japixc Stichting (2018-2019) mei Anke Boersma, Wybo smids En Annemiek Schuurmans, regy Tjerk Kooistra
  • De Frijtinker - as dûmny en koster (2018) regy Ypy Zyslinjg
  • Hubert en Betty - hûskeamerstik (2018), regy Marjolein Brouwer
  • Spicks and Specks - mei nûmers fan de Bee Gees (2018)
  • Tsjerkje op de Klieuw – fiif ferskate rollen, wêrûnder Ids de ferteller (2017)
  • London 68 - 5 ferskillende rollen yn it Iepenloftspul fan Jorwert (2016), regy Tjerk Kooistra
  • Ik Martinus – heit fan haadpersonaazje Marius (2015)
  • Augustus - Steven Heidinga (2015)
  • James Bond Show – as James Bond (2015) show van Top Sekreet
  • Maria Louisa van Hessen Kassel –gids en boskwachter (2015), regy Wouter Daane
  • Kening Hert en Harry Hazze – Kening Hert; berneprogramma; (2014-2021) Omrop Fryslan
  • Bak de Film (thriller) – Servyske misdiediger (2014) mei o.a Joop Witterman
  • Tante Poes en Ome Cor – mei Caro Kroon (2013-2014)
  • Boiling Frog – as Francois (2014)
  • Anna en Us Heit - as Willem Loadewyk (2013-2014)
  • Einde van de Wereld - Henk Voetbal fan Op en Top en Udo Schmertzber de Dútske gelearde dy’t net goed by de holle wie (2012)
  • Snorro - dûbelrol as preemjejager El Gringo en heit fan Snorro. (2012)

Projekten

  • Wie is die Meu? - histoarysk persoan yn de Teätrale stedswanneling, yn it 'Maria Louise jier 2015'
  • De Laatste Avond- arts yn it ôfstudearprojekt Hylke Faber (2013)
  • Thunder in my hart (2012)
  • Wie van de drie , Macbethfestival (2011)
  • To love somebody (2011)
  • Mariken - Easculaap (2010)

Film

  • Bak - as Servyske misdiediger.
  • 48 Hours - lanlik filmprojekt
  • Underweizz- edukative film bern op de basisskoalle

Poppespiler

Yn 2017 wûn Meester de Europeeske telefyzjepriis Prix Circom Regional Award. Hy krige dit foar syn rol as Kening Hert yn de poppespulrige Kening Hert & Harry Hazze fan Omrop Fryslân. Kening Hert wie frijwat arrogant en nayf en docht benammen dingen dy’t er sels aardich fynt. Dochs kin hy net sûnder de ûndogenske lakei Harry Hazze dy’t in ‘gebrekje’ hat omdat er in bytsje brijket.De akteurs dy't poppespylje binne tagelyk ek sels yn byld.

Foar syn dûbelrol yn it iepenloftspul Snorro krige er yn 2012 in Gouden Gurbe. Snorro wie in persiflaazje op Zorro.

Sjonger

Sûnt 2010 treedt Thijs Meester op as sjonger. Sa wie hy yn 2010 en 2011 te hearren yn it programma No more Tears fan it duo 2mansion. Mei Rene Soethout foarme hy de twamansformaasje Idea. Yn harren programma Spicks&Specks jouwe se sûnt 2016 in muzikale foarstelling oer de Bee Gees, oanfold mei eigen wurk en hits út de santiger en tachtiger jierren fan de tweintichste iuw. Yn 2012 sjongde hy yn de rockopera Einde van de wereld.Fan 2015 oant 2017 spile er yn Nico en Tine oer it motto De Leafde. Sûnt 2016 wie Meester te sjen en te hearren yn de meartalige musicalfoarstellings Master Gysbert In inkele reis Sabeare en ‘’De pompeblêd Spion’’ foar Fryske basisskoallen.

Prizen

  • Prix Circom Regional Award, Europeeske telefyzjepriis (2017)
  • Gouden Gurbe'' (2012)

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Thijs Meester is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Thijs Meester
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes