Tetman de Vries
Quick Facts
Biography
Tetman de Vries (Bitgummole, 1 maart 1915 - Ljouwert, 13 july 1988) wie in Fryske kabaretier, revuskriuwer. Hy foarme mei syn twillingbroer Jarich de Vries it selskip Tetman en Jarich. Hy skreau sels de stikken en kabaretprogramma's en fierde dy yn it bigjin mei syn famylje op, letter hast ek altyd mei syn frou, Miene ( Wilhelmina de Vries-Ganzinga). Underwerpen yn harren stikken wiene, neist it boerelibben, aktuele en soms licht filosofyske tema's.
Yn 1935 waard Tetman winkelsjef by it koöperative "Excelsior" yn Ljouwert. Doe't de revustikken hieltiten mear súkses krigen waard hy 1947 beropsartyst. De grutte trochbraak komt mei de revu "De tiid hâldt gjin skoft", in opdracht fan it Bitgumer muzykkorps. De premiêre wie yn jannewaris 1944 en it waard dêrnei hast 1200 kear opfierd. Hjirnei folgen noch 23 Fryske revu's en kabarets, 17 gelegenheidsrevu's en 10 Nederlânske revu's. Hjir spilen ek oare famyljeleden oan mei, letter benammen dochter Leny (Leny Dijkstra-de Vries) en Klaas en Tine Westra. Oant 1951 wie S.J. van der Molen pianist, Cor Huisman wie dêrnei oant 1963 muzikant en faak komponist.
Ek lettere artysten as Rients Gratama, Leo Dijkstra, Riek Landman en oaren, tofolle om allegearre op te neamen learden by Tetman en Jarich it fak.
Revu's
- It kin raer biteare (1946)
- De tiid sil't leare (1954)
- Omke Doeke komt út 'e hoeke (1962)
- De Wrâld is uzes mei elkoar (1966)
- Wy boartsje hjir mar in hoartsje (1968)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Revu's
- It kin raer biteare (1946)
- De tiid sil't leare (1954)
- Omke Doeke komt út 'e hoeke (1962)
- De Wrâld is uzes mei elkoar (1966)
- Wy boartsje hjir mar in hoartsje (1968)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|