peoplepill id: sterke-jerke
SJ
Netherlands
2 views today
12 views this week
Sterke Jerke
Dutch police officer

Sterke Jerke

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch police officer
Work field
Gender
Male
Place of birth
Drogeham, Netherlands
Age
88 years
The details (from wikipedia)

Biography

Hearke Tjerks Witteveen (Droegeham 6 desimber 1801 – dêre 25 july 1890), better bekend ûnder syn bynamme Sterke Jerke of Sterke Hearke, wie in Frysk arbeider en fjildwachter . Hy hie syn bynamme te tanken oan syn gigantyske krêft. Sterke Jerke libbe it grutste part fan syn libben yn Droegeham.

Teltsjes

Oer Sterke Jerke dogge tsientallen teltsjes de rûnte. Hjirûnder wurde inkele fan dy teltsjes oanhelle.

It anker

Sterke Jerke moast yn syn jonge jierren it leger yn. Hy waard stasjonearre yn De Helder. Op it terrein fan de basis leinen inkele ankers, guon fan 300 en 400 kilo, mar ek ien fan 612 kilo. De minsken waarden yndield neffens it gebiet dêr’t se wennen. Sa wie der ek in groep Bildtkers. Under harren wie in sterk persoan, dy’t it anker fan 300 kilogram optille koe.

De maten fan Sterke Jerke daachden him út om syn grutte spierkrêft sjen te litten. Beskieden as hy wie, gie hy dêr earst net op yn. Doet't se him der op ferchden, gie hy dochs op de útdaging yn en tilde hy it anker fan 612 kilogram op. Elk wie ûnder de yndruk, ek syn superieuren. Sterke Jerke, dy’t neat leaver woe as wer nei hús te gean, bea oan om it anker om de kazerne hinne te tillen, op betingst dat hy dan frijstelling foar it leger krije soe. Syn mearderen koenen hjir net op yn gean, dochs tilde hy it anker om de kazerne hinne.

Omtriuwe

Op in jûn wienen inkele jongeren út in oar doarp op de merke fan Droegeham. Se besleaten om de earste foarbygonger dy’t se tsjin kamen tsjin de grûn te triuwen. In skoftke letter komt der in man de hoeke om, wêrop de oanfierder fan it stel jongeren op man ôfgiet en besiket him om te triuwen. Mar dat slagget him net. De man, dy’t mar ien earm frij hie, naam de oanfaller ûnder de earm. Hy knypt him it boarst sa fyn dat de oanfaller gau frege om los te litten. De man lit de oanfaller los mei de wurden: “Do moast tenei better foar dy sjen wa datstû oanpakst.” De oanfaller hie noch dagen lang in blau boarst, as oantinken fan syn moeting mei nimmen oars as Sterke Jerke.

Heakarre

Op in dei wol in boer in heakarre syn skuorre ynride, mar syn hynders wegerje dat. Der wurdt ôfsprutsen dat Sterke Jerke de swiere karre nei binnen lûkt, wylst de oare arbeiders oan de efterkant triuwe soenen. Mar dy beslute in grap út te heljen. Ynstee fan te triuwen, beslute se om de karre tsjin te hâlden. Dochs slagget it Jerkede karre de skuorre yn te krijen.

Oars

  • Nei Sterke Jerke binne ek in trijetal flotten neamd dy't yn de jierren santich en tachtig fan de 20e iuw in protte yn it nijs wienen. Dy flotten hienen de namme Sterke Yerke.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.genealogieonline.nl
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Sterke Jerke is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Sterke Jerke
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes