Sjouke Heins
Quick Facts
Biography
Sjouke Heins (Slochteren, 18 oktober 1943 - Grins, 26 novimber 2020) wie in Nederlânske keunstskilder.
Biografy
Heins folge fan 1960 ôf oan in oplieding oan de Akademy Minerva te Grins. Hy makke lito's, seefdrukken, tekeningen en skilderijen yn in realistyske styl, faak ek mei surrealistyske kombinaasjes fan eleminten. Benammen de Grinslanner kij en loften binne in weromkommend tema yn syn wurk.
Fan 1965 oant 1967 eksploitearre er mei syn broer Galery Heins yn Grins, dy't him benammen rjochte op de promoasje fan jong Grinzer talint. Fan de iepeningen fan eksposysjes waarden faak bysûndere happenings makke. Sa waard yn novimber 1967 in eksposysje mei wurk fan Ger Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf en Sjouke Heins iepene troch de ferneamde strjitsjonger Jan Roos. Roos krige dêr it troch de eksposearjende keunstners makke stripboek What happened to baby John oanbean, mei as haadpersoan Jan Roos, it sjongend symboal fan boartlike gloarje en feestlike kreativiteit.
Sûnt 1968 hie Heins syn atelier en galery yn Aduardersyl.
Wurk fan Sjouke Heins is ûnder oare te finen yn de iepenbiere kolleksje fan Ryksmuseum yn Amsterdam
Utstallings (in kar)
- 1967: Grinzer Museum, 3-manschap (mei Jan de Bruin en Chris Roodvoets)
- 1969: Grinzer Museum, WadNu (eksposysje fan Groep NU, ien fan de earste eksposysjes oer miljeufersmoarging)
- 1976: De Oosterpoort Grins
Galery
Sjouke Heins, atelier met op de ezel Nieuwsgierig is wat anders, 2020
Sjouke Heins, Fryske hynders, 2019
Sjouke Heins, Afrikaans meisje, 2019
Sjouke Heins, Mariama De Gedroomde Bruid, net ôfmakke, 2020
Sjouke Heins, miniposter
Literatuer
- Sjouke Heins, Gert Siks, Wim van Veen, Olga Wiese, Henri de Wolf, What happened to baby John, 1967, stripboek yn eigen behear útjûn
- Sjouke Heins, schilderijen, tekeningen, grafiek, 1990,
- Sjouke Heins, schilder met een knipoog, 2020, biografy yn eigen behear