peoplepill id: sjoerd-wiersma-1
SW
Netherlands
6 views today
6 views this week
The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Sjoerd Foppes Wiersma (Skearnegoutum, 6 novimber 1899 - De Jouwer, 10 april 1971) wie in Jouster waskerij-eigener en fersetsman.

Underdûkers

Sjoerd Wiersma en boukundige Uilke Boonstra rekken yn it ferset troch de opfang fan joaden. Sûnt 1942 gie Wiersma, skûlnamme 'Sjouke van der Zee', in pear kear wyks mei syn frachtwein nei Amsterdam om joaden op te heljen. Wiersma en syn freon Boonstra brochten de joadske passazjiers dan nei ûnderdûkadressen. In soad ûnderdûkers waarden ûnderbrocht yn de Súdwesthoeke.

Op 8 augustus 1944 kamen Wiersma en Boonstra mei de trein werom út Hollân. Se hienen yn Amsterdam in besprekking hân oer it opsetten fan in flechtrûte oer Delfsyl en De Kalkman nei Ingelân foar delstoarten alliearde fleantúchbemannings. Doe't se op stasjon fan It Hearrenfean oerstapten, waarden se opwachte troch Boonstra syn buorman Zijlstra dy’t in wichtige saak mei Boonstra besprekke woe. Boonstra en Zijlstra rûnen foarút, mei Wiersma in eintsje der efter. Bûten it stasjon waard Boonstra oanhâlden. Wiersma wist te ûntkommen yn de tram nei De Jouwer en dûkte ûnder yn Ychtenbrêge.

Dochter Johanna Wagenaar-Wiersma naam op 8 oktober 1996 de Yad Vashem ûnderskieding yn ûntfangst foar har ferstoarne âlden.

Kartoteek

De nammen fan de ûnderdûkers blykten letter fêstlein te wêzen yn in kartoteek. De kartoteek bestiet út 450 kaartsjes mei ûngefear 80 pasfoto's fan Joadske ûnderdûkers. Op elk kaartsje steane in namme, plak fan komôf, ûnderdûkkadres en in oantekening oer de finansjele ûndersteuning. Dy kaartebak rûn oant febrewaris 1944 doe't Boonstra oppakt waard en Wiersma wist te ûntkommen. De kartoteek komt nei de oarloch yn hannen fan Sjoerd syn broer Gerlof Wiersma. Gerlof folde de ynformaasje noch oan en sette de kaartebak op souder, dêr't in pakesizzer him letter fûn. De bak mei gegevens waard yn brûklien jûn oan it Herinneringssintrum Kamp Westerbork dy 't it brûkt foar de databank Een Naam en een Gezicht.

Strjitnamme

Op 14 febrewaris 2015 waard yn de Jouster wyk Blaauwhof it Sjoerd Wiersmahof nei Wiersma neamd. Omdat hy sels de oerloch oerlibbe, kaam er net earder yn oanmerking foar in strjitnamme. De nije strjitte is in sydstrjitte fan de Boonstraleane. By de ûntbleating op it eardere terrein fan de roomske húshâlskoalle Maria Goretti wiene in soad famyljeleden. Ta de gasten hearde ek Jetty dy't as poppe fan fjouwer moannen fan de Albert Cuyp yn Amsterdam by Sjoerd Wiersma en syn frou Tryntsje Wiersma-Bakker yn 'e hûs kaam en grutbrocht waard as harren eige bern. De joadske Jetty krige in grifformearde opfieding en waard op har achttjinde offisjeel dochter fan Sjoerd en Tryntsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Sjoerd Wiersma is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Sjoerd Wiersma
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes