peoplepill id: sjoerd-leiker
SL
Netherlands
6 views today
7 views this week
Sjoerd Leiker
Dutch radio host, poet, playwright, writer and journalist

Sjoerd Leiker

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch radio host, poet, playwright, writer and journalist
Gender
Male
Place of birth
Drachten, Netherlands
Place of death
Hoorn, Netherlands
Age
74 years
Awards
Marianne Philipsprijs
(1971)
The details (from wikipedia)

Biography

Sjoerd Leiker (Drachten, 28 maaie 1914 - Hoarn, 15 desimber 1988) wie in Frysk skriuwer, dichter en fersetsman, dy't yn it Frysk en Nederlânsk publisearre.

Biografy

Leiker hat in ûnderwizersoplieding folge. Hy wurke by in útjouwerij, yn de sjoernalistyk as sjef redakteur by Het Vrije Volk yn Ljouwert en by de radio (R.O.N.; Regionale Omrop Noard út Grins). Syn literêre debút makke hy mei in oantal gedichten yn De Vrije Bladen. Syn meast bekende wurk is de roman Drie getuigen, dy't ferskynde ûnder it pseudonym Menno Haarsma by de mei troch him opsette útjouwerij De Bezige Bij. In soad fan syn wurk giet oer de Twadde Wrâldoarloch. De ferhalen spylje gauris yn de Fryske Wâlden. Hy skreau ek harkspullen lykas Daar was de vrede, hier is de pijn.

Leiker boaske yn 1937 mei Margit Kis; syn krigen in dochter. Yn 1953 troude Leiker fannijs meiKommerijn Gerittine Kooijmans, widdo fan NSB'er jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault. Yn 1992 waard troch widdo Leiker de Sjoerd Leikerpriis ynsteld dy't oant 3 septimber 2004 bestean soe.

Bibliografy

  • 1940 - De laatste man (roman)
  • 1941 - Johannes Wezeman (roman)
  • 1941 - Zwarte Jan (roman)
  • 1942 - Herinneringen aan een mens (ferhalen)
  • 1944 - Drie getuigen (roman, ûnder it pseudonym Menno Haarsma)
  • 1946 - Spionnen in het rijk van Attila (roman)
  • 1949 - Buitengaats (novelle)
  • 1953 - De voorspelling (roman)
  • 1958 - Smalle bruggen naar de vrijheid (novelle)
  • 1967 - De achtervolgers (roman)
  • 1968 - Wachten bij de grens (roman)
  • 1970 - Op blote voeten (roman)
  • 1974 - In wolk fan tsjûgen (blomlêzing)
  • 1980 - Het geweer naast de schemerlamp
  • 1991 - De waterklok

Harkspullen

Harkspul foar de NCRV:

  • Het goud van Peru- útstjoerd: 25-12-1970
  • De weg is de wereld- útsjoerd: 07-06-1973
  • Daar was vrede, hier is de pijn - útstjoerd: 21-10-1973

Prizen

  • 1971 - Marianne Philips priis foar syn hiele oeuvre
  • 1984 - Piter Jellespriis foar syn hiele oeuvre

Keppeling om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Sjoerd Leiker is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Sjoerd Leiker
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes