Sander Wiersma
Quick Facts
Biography
Sander Wiersma (Ljouwert, 1982) is in byldzjend keunstner dy't wennet en wurket yn Grins.
Fan 1999-2003 folge er in oplieding Multimedia Design fan it ICT-lyseum oan it Friesland College yn Ljouwert. Tusken 2003-2007 studearre Wiersma autonome Byldzjende keunst oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins. Hy wûn yn 2007 it Coba de Groot Stipendium 20.
Sander skilderet en tekenet in soad suggestyf wurk dêr't seksualiteit in grutte rol yn spilet. De wurken roppe faak emoasje op. Wiersma brûkt foar syn wurken byldmateriaal út tydskriften, films en ynternet. Dy bewurket er ta selsbewuste 'tsjustere' ympresjes fan in wyld libben. Syn wurken op papier binne meastentiids grut. Syn wurk yn potlead en swart fetkryt is net altiten útwurke.
Yn 2007 hie er in solo eksposysje Spring yn Ychten en groepseksposysjes yn Grins, Amsterdam en Ljouwert. Yn 2009 folge de solo tentoanstelling Akwarellen yn Museum Martena yn Frjentsjer.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |