Sake van der Ploeg
Quick Facts
Biography
Sake van der Ploeg (Burgum, 24 maaie 1920 - Ljouwert, 23 juny 1985) wie fakbûnslieder, politikus en boargemaster.
Libben en wurk
Van der Ploeg, soan fan in Fryske winkelman, wie as suvelbewurker aktyf yn it fakbûn en waard stakingslieder en klom letter op ta lid fan de Earste en Twadde Keamer út namme fan de PvdA. Hy makke namme as lieder fan de súksesfolle staking dy't fan 1 augustus 1952 - 21 septimber 1953 duorre by molkfabryk 'De Ommelanden' yn Grins. Van der Ploeg wie doe distriktsbestjoerder fan it Algemiene Nederlânske Agraryske Bedriuwsbûn (ANAB). ANAB is in nammewiziging fan it yn 1945 (wer)oprjochte Algemiene Nederlânske Lânarbeidersbûn. Van der Ploeg wie fan 1965 - 1973 foarsitter; earst fan de ANAB en doe't dy mei it Algemiene Bedriuwsbûn Fieding- en genotmiddelen (ABVG) fusearre ta it Agraryske en Fiedingsbedriuwsbûn (AVB).
Van der Ploeg wie boargemaster fan de destiidske gemeente Alde Pekela fan 1974 - 1978; trede ûnferwachts ôf nei konflikten yn de pleatslike polityk en nei spanningen mei inkele boargers, dat it gefolch wie fan minder flaaikjende útspraken oer de Pekelder befolking. Syn hûs waard mei stiennen bekûgele en der moast foar de feilichheid fan it pear Van der Ploeg sels in muorre foar de glêzen boud wurde. Van der Ploeg sette yn maaie 1978 mei syn frou hommels ôf nei in fakânsjehûs yn Drinte. Letter die bliken dat doe al in waarnimmende boargemaster beneamd wie.
De befolking fan Alde Pekela hat ôfskied nomd fan Sake van der Ploeg, lykas selden fan in boargemaster yn East-Grinslân ôfskied nomd is. Op de resepsje, dy't troch hûnderten Pekelders besocht waard, ûntbrutsen de gemeentebestjoerders dy't soksoarte ôfskied net woenen.
Van der Ploeg krige yn 1978 de Fryske Parsepriis.
Keppeling om utens
- (ned) S. (Sake) van der Ploeg, Parlemint & Polityk
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |