peoplepill id: roy-greve
RG
4 views today
4 views this week
The basics

Quick Facts

Work field
Gender
Male
Birth
Age
76 years
The details (from wikipedia)

Biography

Roy Greve (Hilfertsom, 1949) is in hoboïst en byldzjend keunstner dy't sûnt 2005 yn it Drintske Elp wennet. Hy is yn 1994 begûn mei boetsearjen en wurket sûnt 1998 as selsstannich keunstner. Roy is inisjatyfnimmer fan de beropsferiening fan Byldzjende keunstners yn Amsterdam en fan de Sosiëteit fan Drintske keunstners. Seis jier lang joech er portretkop-boetsearlessen yn Hilfertsom.

Roy Greve hat keazen foar in spesjalisaasje byldhouwer-portrettist en makket realistyske, persoanlike portretkoppen. As it praktysk is wurket er ek op lokaasje, dan giet er in kear as fiif nei de minsken ta. By it meitsjen fan in portret besiket er in tal kenmerken te ferwurkjen: gelikenis, útstrieling, hâlding en gefoelsútdrukking fan it antlit. Troch de detaillearring fan syn wurk lit er it jitten yn brûns dwaan troch in spesjale renommearre brûnsjitter. Troch syn prototypen hâldt er sels kontrole oer it proses sadat de kwaliteit fan it ôfjitsel garandearre is.

Wyls hat Roy Greve bekendheid krigen troch it útbyldzjen fan bekende minsken: Anne Frank, Prins Claus, Vincent van Gogh, Rembrandt en Wim Kok. Hy wurket yn de tradysje fan Bertus Sondaar, Charlotte van Palland, Frans Hals en Paul Citroen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Roy Greve is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Roy Greve
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes