Ron Popma
Quick Facts
Biography
Rinze Adriaan (Ron) Popma (Drachten, 7 desimber 1941) is in eardere ynternasjonal sporter, dy't him earst talei op de atletyk. Letter stapte hy oer op squash. Yn beide dissiplines is hy foar it Oranjeteam útkomd.
Squash
Yn de jierren santich spile Popma squash, yn deselde tiid as Robert Anjema.
Atletyk
As atleet lei Ron Popma, dy't lid wie fan de Haachse atletykferiening Vlug en Lenig, lei him ta op de sprintnûmers, wêrby't hy yn de jierren sechtich namme makke. As ien fan de fjouwer atleten fan de 4 x 100 m estafetteploech fan syn klup ferovere hy yn 1964 de nasjonale clubtitel. In jier letter fêstige hy as lid fan de nasjonale estafetteploeg twarres in nasjonaal rekord op de 4 x 100 m. Yn beide jierren wie hy ek dûbelkampioen (100 én 200 m) fan Súd-Hollân.
Persoanlike atletykrekords
Dissipline | Prestaasje | Datum | Plak |
---|---|---|---|
100 m | 10,6 s | 14 augustus 1965 | Grins |
200 m | 21,5 s | 15 augustus 1965 | Grins |
Golf
In 1975 werd hij lid van Orange All Stars, waar hij met andere oud-internationals golf speelde, maar pas rond zijn veertigste begon hij serieus te spelen en al gauw had hij hcp 4.
Popma is lid op Broekpolder en Rozenstein, dat ticht by syn hûs leit. Op Broekpolder wurdt hy clubkampioen in 1991, en senioarekampioen yn 1997 en 1998 en 2008.
Ferskaat
Ron Popma, dy't yn Wassenaar in yn- en eksportbedriuw hat yn bakkerijgrûnstoffen, krige syn ropnamme 'Ron' troch in neef fan him mei deselde foarnamme as hy: Rinze.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Squash
Yn de jierren santich spile Popma squash, yn deselde tiid as Robert Anjema.