peoplepill id: piter-dekema
PD
Netherlands
3 views today
3 views this week
Piter Dekema
Politician

Piter Dekema

The basics

Quick Facts

Intro
Politician
Work field
Gender
Male
Place of birth
Weidum, Littenseradiel, Friesland, Netherlands
Death
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
The details (from wikipedia)

Biography

Piter Hettes (fan) Dekema(Weidum ? – Ljouwert 1568) wie bestjoerder, jurist en ferfeanter.

Skiednis

Fan de jonge jierren fan Piter Dekema, pakesizzer fan Juw Dekema, is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as grytman fanBaarderadiel. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan Karel V en Filips II. Yn 1524 beleane Karel V troch him de titel fan ridder te jaan. Piter Dekema wie troud mei Catharina van Loo, dochter fan rintmaster-generaal Boudewijn van Loo. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.

Riedshear fan it Hof fan Fryslân

Piter Dekemamoat in kundich jurist west hawwe. Hy waard riedshear fan it Hof fan Fryslân. Om’t hy troch alles it spaanske bewâld folge, hat ek in rol spile yn de prosessen tsjin har dy’t oars oer it leauwe tochten. Dat hat him fijannen oplevere.

Yn de Spaanske tiid hie it Hof fan Fryslân in politike funksje. De rjochters dienen ek it wurk fan de lettere Deputearre Steaten. Dat dienen se as folmacht. Piter Dekema hat him foaral dwaande holden mei wat wy no wettersteatssaken neame soenen. By Grou hat er it Woltmansdjip, tusken Wergea en Grou grave litten. Fierders hat hy dwaande west mei de haven fan Teakesyl.

Ferfeaner

Yn Hollân rekke de turf op. Yn Fryslân wie de grutte ferfeaning eins noch net op gong kommen. It measte fean dat ôfgroeven waard, wie foar eigen gebrûk. Piter Dekemaseach brea yn de ferfeanterij. Hy kocht al foar de oprjochting fan de kompanjy ferskate feangrûnen ûnder Hoarnstersweach. Mei Utertske hearen Foeyts en van Cuyck rjochte hy de Skoatterlânske Kompanjy op. Yn 1551 kocht de Kompanjy 8000 roeden wyldernis foar 22.400 Karolusgûnen, wêrfan Van Dekama en Foeyts elk 1/4 gedielte betellen, wylst Van Cuyck de helte foar syn rekken naam. Op 11 juny 1552 wie neamd bedrach opbrûkt en waard wer 10.000 Carolus gûnen stoarten, wêrfoar grûnen en ek pleatsen kocht waarden. As ynkeaper trede op Melchior de Grutte, prior fan it kleaster fan Aldkoat.Dizze kompanjy wurdt no noch troch saakkundigen sjoen as modelûndernimming. Doe’t it fean ôfgroeven wie, is het plak It Hearrenfean ûntstien.

Yn Opsterlân is hy ek noch foar himsels begûn yn wat it Jonkerslân neamd is. Hy krige dêrby ek stipe fan sweager Boudewijn van Loo. De ûndernimming is yn 1551 begûn yn de gritenijen Skoatterlân en Aenjewier. Piter Dekema waard sa ien fan de rykste minsken yn Fryslân. Syn amten leveren him al gâns jild op en dêr kamen de ynkomsten út de ferfeanterij noch by.

Dea

Yn 1568 is Piter Dekema ferstoarn. Hy waard begroeven yn de St. Vitus fan Aldehou. Syn frou Catharina van Loo is yn 1572 ferstoarn. Op harren grêf is in bysûnder moaie stien pleatst. Dy is letter weirekke. Doe’t it begraafplak sletten wie, waard dêr in skoalle boud. De stien is doe weromfûn. Der is besletten om de stien yn te mitseljen oan de súdkant fan de Aldehou. Dêr is dy no noch te besjen.

De huzen fan Piter Dekema

YnWeidum hie Piter Dekemasyn ‘stamslot’ Dekemastate. Yn Jelsum wie hy mei-eigener fan Dekemastate. Dit sil eins oan in oare staach fan de Dekema’s taheard hawwe.

It Ljouwerter Dekemahûs

Boudewijn van Loo, Piter Dekema syn sweager, liet in deftich hûn bouwe oan de Iewâl, no it Hofplein. Oan de súdkant dêrfan liet Piter Dekema foar himsels it Dekemahûs bouwe. Doe’t de steedhâlder Willem Loadewyk yn 1587 troude mei Anna fan Oranje fûnen de Steaten dat harren steedhâlder in amtwent hawwe moast dy’t paste by syn weardichheid en dy fan syn frou. Fan de ergenamten kochten se dêrom it hûs, dat Boudewijn van Loo bouwe litten hie, en it Dekemahûs oan as amtswent foar Willem Loadewyk. Oant 1795 hawwe de steedhâlders der wenne. Nei de Frânske tiid hat kening Willem I it hûs kocht en is oant de sechtiger jierren de foarige iuw keninklik paleis bleaun. Dêrnei hat de gemeente Ljouwert it brûkt as kantoar fan de wethâlders. No is it in hotel.

De Huzumer Dekemastate

Dekemastate lei tsjin de grins mei Ljouwert oan Dekemastate hat oan de Skrâns lein, neist it lettere gemeentehûs fan Ljouwerteradiel. It waard itAld Hôf neamd. Piter Dekema hat dêr ek wenne.

Yn 1578 wenne dêr Juw (Julius) Dekema. Wis is it net, mar der wurdt tocht dat hy in soan Piter wie. Hy wie ek riedshear by it Hof fan Fryslân. Hy wie ek in fûleindich stiper fan it Spaanske bewâld.

Yn 1578 wie it Ljouwerter stedsbestjoer dwaande om it heft yn eigen hannen te nimmen. Foar’t de tsjerken skjinmakke waarden, hat de mannichte earst hûsholden by Dekemastate. It hôf is kappe wurden. It stedsbestjoer wie bang dat de fijannelike troepen Dekemastate brûke koenen as se de stêd belegerje soenen. Yn 1580 krige de stêd tastimming fan Hof fan Fryslân om de state ôf te brekken.Op dat plak is letter in pleats delsetten om de stim fan Dekemastate te behâlden. Om 1900 hinne is dy pleats wer ôfbrutsen. Der is doe in tsjerke op it terrein boud. Letter is it in garaazje wurden. Dy is ek wer ferdwûn en no is it in part fan in wenkompleks. De strjitnamme Hofstrjitte hâldt it Ald Hôf noch yn oantinken.

Sjoch ek

  • List fan grytmannen fan Baarderadiel
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Piter Dekema is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Piter Dekema
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes