peoplepill id: pieter-pander
PP
Netherlands
2 views today
2 views this week
Pieter Pander
Dutch painter

Pieter Pander

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch painter
Work field
Gender
Male
Place of birth
Drachten, Smallingerland, Friesland, Netherlands
Age
62 years
The details (from wikipedia)

Biography

Pieter Pander (Drachten, 1962) is in byldzjend keunstner út Frjentsjer. Syn pake wie in neef fan Pier Pander syn heit.

Biografy

Hy studearre tusken 1981 - 1982 oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en dêrnei oant 1987 oan de Akademy Minerva yn Grins yn de figurative rjochting. Hy heart ta de groep Noardlike Realisten. Dochs wurket er allinnich dielen fan syn foarstelling hielendal út sadat se mear opfalle, faak binne dat de eagen fan minsk en bist. It jout ek in gefoel fan spanning dy't troch it brûken fan ljocht/tsjuster noch fuortsterke wurdt. De grize linnen doek jout er in ûndergrûn fan akryl mei in wiete spûns. De lêste tiid brûkt er ek wol in brander om it hurder drûgje te litten, dêrtroch blêdzje ek dielen ôf. At Pander begjint hat al in idee hoe't it wurde moat. Hy skildert wiet yn wiet sadat hy lang trochwurkje kin. Hjirby wurde in beheind tal kleuren brûkt dy't by him passe en dy't de yntimens en de sfear oerbringe kinne: benammen brunen, blauwen, grizen en witen. Dy kleuren ferriede de ynfloed fan syn learmaster Matthijs Röling.

Pieter Pander skildert in soad portretten en dan benammen âlde minsken en bern. Dêr sit it tema libben en dea yn opsluten. Hy wol de minsken út respekt sa gewoan mooglik werjaan.
Neist portretten en selsportretten makket er ek dierstúdzjes. Ek fan de bisten wol er syn respekt en it gefoel oerbringe yn syn wurk. Soks kin troch it ferbyldzjen fan harren kwetsberheid, eangst, nearens of it betrouwen yn de minsken. Hy is hjirby beynfloede troch keunstskilder Jan Mankes. Dêrneist makket er tekeningen en skilderingen fan yndustryële ûnderwerpen as havens, spoarwegen, bouputten en akwadukten. Boppedat makke er monumintaal wurk wêrûnder dy foar restaurant 'Kaatje by de Slûs' yn Bloksyl.
De tema's fan Pander hawwe in grut ferskaat: fan telefyzjebylden en it Fryske lânskip oant de pleats fan syn sweager of syn hûn dy't ferwûne is.

Eksposysjes fan him wienen ûnder oare yn it Scheringa Museum, Museum Möhlmann, it Drintsk Museum, it Karmelkleaster yn Drachten, galery Mokum en it universiteitsmuseum yn Grins. Mei Douwe Elias makke er by de besite fan keningin Beatrix oan Frjentsjer op Keninginnedei 2008 in skilderij yn opdracht fan Museum Martena.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Pieter Pander
  • Peter Karstkarel - Pieter Pander (2001), Utjouwerij EF & EF yn Boeken ISBN 9789062162598
  • H. Tupan - Pieter Pander
  • Pieter Pander: Geen bloemen, Schilderijen en tekeningen, diel 11 yn de searje Monografyën fan it Drintsk Museum

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Pieter Pander is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Pieter Pander
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes