Peter Sterkenburg
Quick Facts
Biography
Peter J. Sterkenburg (Harns, 1955 - Surch 2000) wie in maritym skilder út Surch.
Peter Sterkenburg wie autodidakt. Nei de middelbere skoalle, dêr't er al útblonk yn tekenjen siet er in blauwe moandei op de keunstakademy Ubbo Emmius yn Ljouwert. Omdat er him net fine koe yn de abstrakte keunst fan doe gie er fan de oplieding ôf en ûntwikkele in eigen styl. Syn earste jierren as skilder foelen net ta. Syn searjewurk wie folslein kommersjeel mar hy learde der wol skilderjen en it mingen fan kleuren mei. In buorman frege him ris om in skilderij mei skippen út de Gouden Iuw te skilderjen. It wurkjen mei loften, skippen en wetter krige him yn de besnijing en syn earste wurken hawwe dan ek in soad fan eartiidse skilders as Jan van Gooyen en Ludolf Backhuysen.
Yn 1991 falt it each fan de KLM-manager út Hongkong op syn wurk. Omdat de KLM har destiids ynsette foar Nederlânske keunstners wurdt Sterkenburg útnûge om yn Hongkong te eksposearjen. Hy ferkocht omraken skilderijen op syn tentoanstelling dêr. Neidat er yn Hongkong west hie feroaren syn wurken. Der kaam mear de neidruk te lizzen op ljocht en tsjuster. Letter folgen noch eksposysjes yn Kuala Lumpur, Singapore, Jakarta en Sydney. Hy waard ek yn Nederlân sa bekend dat er yn opdracht in doek fan sân meter skildere mei VOC-skippen op it IJ by Amsterdam foar VFD (it arsjitekteburo dat de cruiseskippen fan de Holland America Lijn ynrjochte). Dit wurk hat er net ôfmeitsje kind, hy stoar, mar 44 jier âld op de dei foar Peaske yn 2000.
Wurk fan him is yn stock by De Molensteen, Keunsthannel en Keunstútlien yn Hoarn. Wurken fan Sterkenburg binne ûnder oaren oankocht troch Donald Trump, de Holland Amerika Lijn, Smit Internationale en de Stifting Maritym Erfgoed. De ‘Stifting Maritime Skilderijen Peter J. Sterkenburg’ hâldt in argyf by fan it wurk fan de keunstner.
In tentoanstelling fan syn wurk is hâlden yn 2004 troch it Westfrysk Museum yn Hoarn yn Noard-Hollân.