María del Carmen Cerruti Carricart
Quick Facts
Biography
Maria del Carmen Cerruti Carricart (Pergamino, 8 septimber 1944) is de mem fan prinses Máxima fan de Nederlannen.
Priveelibben
Dochter fan Jorge Cerruti (1911-1992) en Maria del Carmen Carricart (1914-1999). Cerruti wie in lâneigener fan Italjaansk komôf.
Jorge Zorreguieta kaam mei Maria del Carmen Cerruti yn de twadde helte fan de jierren '60 yn de kunde op in lânboutentoanstelling yn Pergamino. Zorreguieta wie yn de tiid fan harren moetsjen noch troud mei Marta López Gil. Se trouden yn desimber 1970 yn Paraguay, omdat it foar skieden lju problemmatysk wie om yn Argentynje in twadde houlik te sluten. Pas yn 1987 wie Zorreguieta definityf skieden fan syn earste frou. Nei alle gedachten hawwe se yn 2000 harren houlik yn Argentynje registrearje litten.
Bern: Máxima (1971), Martín (1972), Juan (1982) en Inés (1984).
Pake- en beppesizzerss: Amalia (2003), Alexia (2005) en Ariane (2007).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |