peoplepill id: lutske-wester
LW
Netherlands
6 views today
6 views this week
Lutske Wester
Dutch speed skater

Lutske Wester

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch speed skater
Work field
Gender
Female
Birth
Place of birth
Earnewâld, Tytsjerksteradiel, Friesland, Netherlands
Age
42 years
The details (from wikipedia)

Biography

Lutske Wester

Lutske Wybes Wester (Earnewâld, 24 april 1870 - Eastermar, 19 jannewaris 1912) wie in Fryske, tige súksesfolle, 19e-iuwske koartebaan hurdrydster.

Lutske Wester wie in dochter fan Wybe Harrits Wester en Grietje Andries Meyer. Doe't se 15 jier wie, ried se har earste wedstriid yn Grins. Sy wie tusken 1885 en 1908 aktyf as hurdrydster. Yn de strange winter fan 1890 op 1891 wûn hja yn 11 dagen tsien earste prizen en ien twadde priis. Se ried wedstriden mei ferskate persoanen dêr't har oerwicht by bliken die.

Der wurdt skreaun dat Wester in dreech en in swier libben hie. Se troude twaris. Har earste houlik wie mei Tjipke Wijmenga; se krigen ien soan. Har twadde houlik wie mei Cornelis Laverman yn 1909. Se arbeide hiel hurd op de pleats. Ek doe't har bern noch mar 14 dagen âld wie, wie se al wer oan it riden. Sy stoar jong op 20 jannewaris 1912, 41 jier âld.

Lutske Wester wie in muoike fan hurdrydster Griet Bijlsma (* 1915), ek fan Earnewâld.

Prestaasjes

Unfolslein

Yndivideel
1st priis (f 19,-) - 9 jannewaris 1891 yn Ljouwert
1st priis (f 20,-) - 22 jannewaris 1892 yn Boarnburgum
1st priis (f 40,-) - jan. 1892 yn Ljouwert
1st priis (f 25,-) - jan. 1893 yn Frjentsjer
1st priis (f 50,-) - 11 febrewaris 1894 yn Ljouwert
Mei neef Harrit Popkes Wester
3e priis (f 20,-) - 1 febrewaris 1895 yn Ljouwert
3e priis (f 10,-) - 3 feb. 1895 yn Ljouwert
2e priis (f 70,-) - 16 jan. 1897 yn Drachten
1e priis (f 70,-) - 2 des. 1889 yn Grou
1e priis (f 60,-) - 11 des. 1890 op De Jouwer
1e priis (f 100,-) - 13 des. 1890 yn Ljouwert
1e priis (f 150,-) - 15 des. 1890 yn Ljouwert
1e priis (f 80,-) - 16 des. 1890 yn Aldtsjerk
1e priis (f 40,-) - 24 des. 1890 yn Wolvegea
2e priis (f 40,-) - 26 des. 1890 yn Berltsum
1e priis (f 100,-) - 29 des. 1890 yn Dokkum
1e priis (f 40,-) - 6 jan. 1891 yn Frjentsjer
Mei neef Rinse Gerrits Wester
1e priis (f 100,-) - jannewaris 1893 yn Ljouwert
Mei Douwe van der Meer
3e priis (f 15,-) - 31 jan. 1895 yn Aldtsjerk
4e priis (f 10,-) - 4 febr. 1895 yn Ljouwert
Mei Wybren Fokkema (Hurdegaryp)
1e priis - 1897-98 yn Warten
Mei Auke Spijkstra (Himpens)
2e priis (f 30,-) - 9 jannewaris 1901 yn Ljouwert
Mei Wierd Velstra (Aldtsjerk)
1e priis (f 40,-) - 8 jannewaris 1894 in Grou
1e priis (f 120,-) - jannewaris 1894 yn Dokkum
1e priis (f 60,-) - 4 febrewaris 1895 yn Ljouwert
1e priis (f 30,-) - 6 feb. 1895 yn Sleat
1e priis (f 20,-) - 8 feb. 1895 yn Balk
1e priis (f 100,-) - 15 feb. 1895 yn Grins
1e priis (f 60,-) - 14 jan. 1897 yn Aldtsjerk
1e priis (f 60,-) - 20 jan 1899 yn Aldtsjerk
2e priis (f 50,-) - 16 des. 1899 yn Ljouwert
2e priis (f 15,-) - 21 des. 1901 yn Wolvegea
2e priis (f 20,-) - 10 jan. 1901 op De Jouwer
1e priis (f 60,-) - 12 jan. 1901 yn Aldtsjerk
1e priis (f 120,-) - 15 jan. 1901 yn Dokkum
1e priis (f 60,-) - 17 jan. 1901 yn Aldtsjerk
1e priis (f 100,-) - 18 feb. 1902 yn Ljouwert
2e priis (f 20,-) - 8 des. 1902 yn Grou
1e priis (f 80,-) - 9 des. 1902 yn Ljouwert
2e priis (f ?,-) - 5 jan. 1904 op De Jouwer
1e priis (f 80,-) - 24 jan. 1905 op It Hearrenfean
Mei Gerrit Woude (Doezum)
1e priis (f 60,-) - 15 jannewaris 1908 yn Swol
3e priis (f 40,-) - 16 jannewaris 1908 yn Dokkum

Literatuer

  • J.H. Rijpkema, Hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren (1936);
  • D.M. van der Woude, Vrouwen in de hardrijdersbaan (Assen, 1948).

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Lutske Wester is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Lutske Wester
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes