peoplepill id: lolle-rondaan
LR
4 views today
4 views this week
The basics

Quick Facts

Work field
Birth
Place of birth
Menaam
Age
106 years
The details (from wikipedia)

Biography

Lolle Rondaan
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitNederlânsk
berne3 jannewaris 1919
berteplakMenaam
stoarn16 febrewaris 1944
stjerplakAmsterdam/Skiphol
etnisiteitFrysk
wurkpaad
berop/amtWeinmakker
reden
  bekendheid
Fersetsstrider

Lolle Rondaan (Menaam, 3 jannewaris 1919 - Amsterdam/Skiphol, 16 febrewaris 1944) wie in Frysk weinmakker dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by it ferset tsjin de Dútske besetter aktyf wie.

Biografy

Hy kaam út in grifformearde húshâlding en wie in soan fan Sijds Rondaan (1892) en Zwaantje Brouwer (Nijehaske, 1892). Hy wie net troud en wie weinmakker fan berop.

Fan 1942 ôf holp er Joadske ûnderdûkers yn Menameradiel. Maitiid 1943 kaam er yn kontakt mei LO-man Rients Westra; foar him socht er ûnderdûkadressen en besoarge er distribúsjebonnen en (fâlske) persoansbewizen.
Teffens brocht er Vrij Nederland en anty-Dútske pamfletten rûn en wie er belutsen by it stensiljen en it yn Noardwest-Fryslân fersprieden fan it yllegale blêd Voor God en den Koning.
Mids 1943 gie Rondaan by de KP-Seisbierrum laat fan Rients Bruinsma. Fan begjin augustus 1943 ôf wie er as KP’er belutsen by oerfallen yn Seisbierrum, Mullum en Weidum, wêrby't de kaartsystemen fan de pleatslike burohâlders fan de fiedselfoarsjenningsorganisaasje ferneatige waarden en Ausweise bút makke waarden. Under syn lieding waard yn de nacht fan 25 op 26 septimber 1943 de klús yn it gemeentehûs fan Sint-Anne iepenbrutsen en stimpels, 22 blanko persoansbewizen en it fosleine befolkingsregister yn sekken meinaam. Ynearsten ferstoppen Rondaan en syn broer Jan it register op har' sliepkeamer, mat letter waard de hiele brut yn in bakkersûne ferbaarnd. Troch it ferrie fan provokateur Frans Michon waard Rondaan op 22 novimber 1943 yn Bitgum arrestearre en oerbrocht nei it Hûs fan Bewar yn Grins, op 14 febrewaris 1944 ta de dea feroardield troch de rjochtbank fan Assen en twa dagen letter deasketten.

Rondaan waard beïerdige op it Earebegraafplak Bloemendaal yn Overveen. Op grêfstien stiet: 'Fallen yn é striid tsjin ûnrjocht en slaverij'.

Op 15 april 2015 is foar Rondaan in stroffelstien pleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Lolle Rondaan is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Lolle Rondaan
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes