peoplepill id: lieuwe-pietersen
LP
Netherlands
6 views today
13 views this week
Lieuwe Pietersen
Dutch writer

Lieuwe Pietersen

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch writer
Work field
Gender
Male
Place of birth
Deinum, Menameradiel, Friesland, Netherlands
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
The details (from wikipedia)

Biography

Lieuwe Pietersen (Deinum (Skinkeskâns), 4 desimber 1928 – Ljouwert, 23 maart 2015) wie in Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch.

Biografy

Nei in stúdzje lichaamlike opfieding waard Pietersen gymnastyklearaar oan syn eardere middelbere skoalle, de Ryks-HBS oan it Saailân yn Ljouwert. Hy hat fjirtich jier as learaar oan dy skoalle stien. Letter studearre er sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Lieuwe Pietersen hat ek bestjoerslid en propagandalieder fan de Fryske Bibleteek west. Yn 1972 wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan de sutelaksje fan It Fryske Boek.

Syn earste publikaasje wie Friesland in en rond het perk út 1956. Twa jier letter folge troch Skûtsjesilen. It bekende Sociologie van de sport kaam yn 1961 út. Hy wie yn 1969 de earste wittenskipper dy’t in serieus ûndersyk die nei de posysje fan it Frysk. De útkomsten fan dat ûndersyk publisearre er yn it boek De Friezen en hun taal (1969). Syn oare grutte publikaasje op dat mêd, Taalsociologie (1976), is sûnt it ferskinen ferplichte literatuer foar studinten fan de learareoplieding Frysk.

De earste romans wiene yn it Hollânsk: Femke B. (1984) en Draaiers mythe (1991). Dêrnei stapte er oer op it Frysk. Syn roman It fergryp waard yn 1998 bekroand mei de Kristlik Fryske Folksbibleteek Priis foar romans. In weromkearend tema yn syn boeken is in haadpersoan dy't op 'e siik giet nei eat dat yn har ferline bard is.

Pietersen skreau al syn boeken foar de KFFB en wie dêryn tige produktyf. Meastentiids ferskynde der om de twa jier in boek fan syn hân. It nijste wurk wie útkommen yn maaie 2012, ûnder de titel De Untfiering, en wie in misdieroman dy't him ôfspile yn Ljouwert. Lieuwe Pietersen ferstoar ein maart 2015 nei in koart siikbêd.

Bibliografy

Romans

  • 1984 : Femke B.
  • 1991 : Draaiers mythe
  • 1996 : De fal : in syktocht
  • 1998 : It fergryp
  • 2000 : De lêste dûns
  • 2002 : Eva Godthelp
  • 2004 : De flam
  • 2005 : It testamint
  • 2006 : De frou yn it swart
  • 2008 : It griene hûs
  • 2010 : It Genoatskip
  • 2012 : De ûntfiering

Ferskaat

  • 1956 : Friesland in en rond het perk : enige sociale en sportieve aspecten van het Friese kaatsspel
  • 1958 : Skûtsjesilen
  • 1962 : Sociologie van de sport : afspiegeling en reactie
  • 1963 : Redens, riders en riderijen
  • 1963 : Bûnte liuwen omnibus
  • 1969 : De Friezen en hun taal : een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries
  • 1974 : De toekomstige leerkrachten en het Fries : een onderzoek op de pedagogische academies en opleidingsscholen voor kleuterleidsters in Friesland
  • 1976 : Taalsociologie : minderheden, tweetaligheid, taalachterstand

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tresoar
  • Deaberjocht, yn: de Ljouwerter Krante, 25 maart 2015.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Lieuwe Pietersen is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Lieuwe Pietersen
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes