peoplepill id: jouke-klazes-bakker
JKB
Netherlands
6 views today
7 views this week
Jouke Klazes Bakker
Frisian concentration camp survivor

Jouke Klazes Bakker

The basics

Quick Facts

Intro
Frisian concentration camp survivor
Work field
Gender
Male
Place of birth
Menaam, Menameradiel, Friesland, Netherlands
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
88 years
The details (from wikipedia)

Biography

Jouke Klazes Bakker (Menaam, 13 july 1923 - Ljouwert 4 septimber 2011) wie de soan fan Klaas Annes Bakker (1886-1961), in gernier en los wurkman, en dy syn frou Elisabeth Grendel (1897-1984). Hy groeide op yn in húshâlding mei tolve bern, dêr't men it gauris neat te rom hie. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch oerlibbe er mar kwealk in ferbliuw fan twa en in heale moanne it konsintraasjekamp yn it Dútske Wilhelmshaven.

Oarlochsûnderfinings

Bakker wie it op twa nei âldste bern yn it gesin, en yn 'e Twadde Wrâldoarloch moast er krekt as syn beide âldere en ien jongere broer ûnderdûke om oan tewurkstelling yn Dútslân te ûntkommen. Mei syn bruorren Ruurd Klazes Bakker (letter wethâlder en loko-boargemaster fan Menameradiel) en Piet Klazes Bakker ferbleau er earst yn in útdold sideplak yn in ierappelheap yn it lân, en doe't dat njonkelytsen te wiet waard, fûnen se beskûl by in bakker yn Easterwierrum. Ut en troch kamen hja ris in jûn thús, mar nea tagelyk. Op snein 21 jannewaris 1945 wie Jouke Bakker thús doe't de Dútsers yn Menaam in razzia holden. Hy besocht noch fuort te kommen, mar waard yn it iepen fjild efter syn heite hûs pakt. Ak Wassenaar, in Menamer famke dat yn 'e oarloch in deiboek bylhold dat se yn 1990 publisearre hat, skreau oer dy dei:

moandei 22 jannewaris
Justerjûn hawwe de Dútsers wer yn Menaam dwaande west. By Gerbranda waard alles wer neisocht. Neat fûn lokkich. By Rintsje Baarda sochten se om 'e jonges, mar dy wienen der net en doe namen se Rintsje sels mei. By bakker Tjoelker dienen se ek in ynfal, dêr namen se Tjoelker sels, soan Jan en in farsk slachte baarch mei. Ale van der Wal rûn ek yn 'e fûke, lykas Jouke fan Klaas Bakker ek. Se hienen wer in goede fangst. [...]

Nei in koart ferbliuw yn it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert waard Bakker ein jannewaris mei in groep oare arrestanten, wêrfan't de measten krekt as hy oppakte ûnderdûkers wiene, op 'e trein nei Dútslân setten en ôffierd nei it konsintraasjekamp fan Wilhelmshaven, yn East-Fryslân. Yn 2002 wurke Bakker mei oan Onbekende Bestemming, in dokumintêre oer it konsintraasjekamp Wilhelmshaven, dy't makke waard troch Gryt van Duinen yn opdracht fan Omrop Fryslân. Om't Wilhelmshaven as Dútske marinebasis faak troch de Alliëarden bombardearre waard, setten de Dútsers de finzenen dêre yn by it púnromjen. Hja libben der yn fiif barakken, mei tweintich oant tritich man yn ien barak. By har oankomst waarden se daliks kealskeard, wat in fernedering wie, mar it kaam ek te pas, want it tilde yn 'e barakken op fan it ûngedierte.

Bakker wie, yn 'e tiid dat er yn Ljouwert yn it Hûs fan Bewarring siet, besocht troch de famylje en hy hie fan syn heit en mem in tas meikrigen dêr't wat iten en ferskjinning en sa yn siet, en ek al it jild dat syn heit byinoarskraabje kinnen hie. Mar nei in pear dagen yn it kamp waard Bakker en de oaren trochdien dat hja earne oars hinne soene, dat hja pakten al harren guod wer yn. It wie in trúk: doe't se mei bagaazje en al klearstiene om fuort, waard harren alles ôfnommen, oan 'e klean dy't se oanhiene ta. Ynstee waard harren troch de Dútsers klean jûn, blauwe tichthúsdracht, mei dêrûnder in blaubaitsje mei in grutte wite H fan Häftling ("finzene") op ’e rêch. Dy klean wiene fierstente licht foar de tiid fan it jier. Boppedat wie der yn it kamp altiten brekme oan wetter en iten en wie it der ûnhuerige smoarch. Ek waarden de finzenen troch de bewekkers allegeduerigen útskeld en útflokt en safolle mooglik fernedere. Wat se ek diene, it wie nea goed. En medyske soarch bestie der net, útsein wat de finzenen foarinoar dwaan koene.

Op 14 april waarden twahûndert siken út Wilhelmshaven op transport steld werom nei Nederlân. Bakker wie doe al slim siik rekke en syn maten moasten him yn 'e trein drage. De wagons sieten oan 'e kop ta fol. Yn Norden waard der stilholden en doe kaam der wat romte, mei’t de lju dy't ûnderweis al stoarn wiene, dêr út 'e trein helle waarden. Doe gie it fierder, nei Emden ta, en dêrwei mei in boat de Iems oer nei Delfsyl. De oarloch wie doe noch net oer en de Dútsers dy't Delfsyl beset holden, woene de finzenen earst weromstjoere nei Emden, mar úteinlik waarden se dochs trochlitten.

Yn Onbekende Bestemming fertelde Bakker: "Dy reis troch Delfsyl, dêr haw ik bysondere herinneringen oan, want dat wie sayts geweldichs. Want wy wienen op dy boereweinen en dy minsken út Delfsyl, dy seagen ús, dy seagen levende liken, sawat, hin, want sa wie it toch, en dy hawwe alles, alles út 'e kast helle, wat se hienen: tsiis en bûter en bôle en fruit en, en, no, neam mar op, alles. En wy waarden oerstelpt mei iten en drinken en... ja, dat is yts, dat sprekt je sa oan." It wie snein 22 april 1945, doe’t Bakker thúskaam, oan 'e Rypsterdyk te Menaam. Sels koed er him dêr letter neat mear fan tebinnenbringe, útsein it gefoel. Yn Onbekende Bestemming lies er foar út wat er sels koart nei de oarloch opskreaun hie: "Ik wie thús. Thús. Thús en frij. Wat dat wurdich is, is mei gjin pin te beskriuwen."

Ak Wassenaar skreau dy deis:

snein 22 april

Grutte bliidskip! Jan is thús... Fan ’e moarn hat Rintsje Baarda him hjir yn ’e auto brocht. Wy koene him net werom. Ik skriuw dit mei in stik yn 'e kiel. Wat kinne minsken inoar wat oandwaan. Syn moaie swarte hier fuort en net te leauwen sa meager. In raar jutesek-pak hong om him hinne. In grutte H op syn rêch. Ik HAATSJE de Dútsers, ik HAATSJE se...

Earst is hy goed wosken en doe skjinne klean oan. Doe foarsichtich wat iten, mem hie lekkere parkes, en doe op bêd en sliepe, sliepe. Jouke Bakker is ek thús en Willem Roersma ek. Jan Tjoelker kaam even nei Steffen thús. Johan Hupkes kaam hjoed thús en Gerrit de Hoest leit noch yn 't sikehûs yn Rodeschool. Allinne Louw is der noch net, dy wie oars net siik, sei men. Der wie hjoed in protte te tankjen en dàt hawwe wy dien...

Letter libben

Jouke Bakker troude op 25 oktober 1945 mei syn faam Sietske van der Kooi (1923), fan Dronryp, mei wa't er neitiid fiif bern krige. Hy fûn wurk by jirpelkeapman Oepke Plat, dy't him letter troch syn kontakten in baan wist te besoargjen by de Plantesyktekundige Tsjinst (PD). Troch it folgjen fan jûnskursussen wurke Bakker him dêr op ta haadassistint. Op in koarte frijaazje mei de PvdA fuort nei de oarloch nei, wied er altyd in trou CHU- en letter CDA-man. Bakker wie yn Menaam o sa aktyf yn it ferieningslibben. Sa spile er tsientallen jierren yn it kristlike muzykkorps Halleluja en siet er ek yn it bestjoer dêrfan. Fierders wied er lange tiid as âlderling warber foar de pleatslike herfoarme gemeente.

Oer syn ûnderfinings yn it kamp by Wilhelmshaven prate Bakker neitiid mar selden mear, mar neigeraden dat er âlder waard, krige er mear lêst fan syn oantinkens. Behalven oan 'e dokumintêre Onbekende Bestemming, fan Gryt van Duinen, wurke er ek mei oan it boek Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, dat skiedkundige Oebele Vries yn 1990 publisearre. Oant op hege âlderdom makke Bakker fierders elts jier mei oare oerlibbenen en har famyljeleden de gong nei Dútslân om 'e kammeraten dy't net weromkommen wiene, te betinken.

Mear as 65 jier wennen Bakker en de frou oan 'e Grêftswâl te Menaam, oant er begjin 2011 sa yn 'e minnichte rekke dat thúsbliuwen gjin opsje mear wie, en hy en de frou ferfearen nei it fersoargingstehûs Nij Statelân, himelsbreed in pear hûndert meter fierderop. Yn septimber 2011 kaam Bakker yn it sikehûs yn Ljouwert te ferstjerren. Hy wie in omkesizzer fan politikus en Twadde Keamerlid Jouke Annes Bakker en in omke fan sjoernalist en programmamakker Klaas Geert Bakker.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vries, Oebele, Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, Assen, 1990 (ISBN 9 07 19 18 270).
  • Wassenaar, Ak, Deiboek Menaam 1944-45, Frjentsjer, 1990 (Utjouwerij Van Wijnen), ISBN 9 05 19 40 394.
  • Onbekende Bestemming, dokumintêre fan Gryt fan Duinen foar Omrop Fryslân, 2002.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jouke Klazes Bakker is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Jouke Klazes Bakker
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes