Johannes Kuiken
Quick Facts
Biography
Johannes Kuiken Jzn (Sint Anne 3 maart 1860 - dêre 7 augustus 1936), wie in foaroanman yn de kiesrjochtbeweging en foarstanner fan grûnherfoarming.
Libben en wurk
Jeugd
Kuiken wie de âldste fan in grutte hûshâlding yn Sint Anne; soan fan Jan Kuiken, boekdrukker en útjouwer, en Grietje Siderius. Kuiken gie nei de legere skoalle yn Sint Anne en krige dêrneist privé-les yn it Frânsk en Dútsk fan master Klaas S. Meijer, syn lettere skoanheit. Op 13 septimber 1883 boaske er oan Geertje Meijer; hja krigen ien dochter. Hy kaam by syn heit yn de drukkerij.
Kiesrjochtbeweging
Kuiken en syn heit krigen kunde oan Bruno Liebers, dy't yn Den Haach ûnder oaren 'Recht voor Allen' drukte. Sa makke er kennis mei de striid foar sosjalisme en kiesrjocht. Kuiken waard lid fan it bestjoer fan de Friesche Volkspartij en wie warber yn de drankbestridingsbeweging en yn pleatslike organisaasjes. Kuiken wie ek fegetaarjer en smookte net.
De Bildtsche Courant ûnder heit en soan Kuiken, mei haadartikelen fan Vitus Bruinsma, stie yn tsjinst fan de propaganda foar it algemien kies- en stimrjocht. Domela Nieuwenhuis en it SDB krigen in soad omtinken. Dat kaam de Kuikens wol op ferlies fan klanten te stean, mar printwurkopdrachten fan bûten de gemeente smiet genôch op om troch de tiid te kommen. Yn Sint Anne ûntstie in grutte ôfdieling fan it Bûn foar Algemien Kies- en Stimrjocht, dêr't Kuiken sekretaris fan waard. Kuiken keas sels yn diskusjes yn de beweging nei 1891 foar de parlemintêre wei, mar sleat him net oan by it Frijsinnich-Demokratysk Bûn en de SDAP, om't er de steatsynfloed dy't de lêste foarstie te fier gean fûn.
Grûnherfoarming
Mids jierren 80 wie Kuiken yn oanrekking kaam mei de ideën fan Henry George en waard er in oertsjûge lânsjonalisators. Fan 1892 oant de opheffing yn 1898 wie er haadbestjoerslid fan de Nederlandsche Bond voor Landnationalisatie. Yn 1895 kaam er yn de gemeenterie fan It Bildt foar de Folkspartij (oant septimber 1917). Mei trije oaren stelde er yn 1909 út dat de gemeente foar f8.000 lân keapje moast. Syn wichtichste argumint wie dat partikulier grûnbesit in grut maatskiplik ûnrjocht wie. It foarslach waard neat, mar hy berikte der wol mei dat it gemeentebestjoer elts jier tûzen gûne apart hold foar de oankeap fan lân foar it Boargerlik Earmbestjoer.
Fan grûnherfoarming kaam lanlik net folle op 'e hispel. Doe't it der yn de jierren 30 op like dat de grûnherfoarmingsbeweging wer wat opgong meitsje soe, waard Kuik wer aktyf op dit mêd. Hy slute him oan by de organisaasjes fan Arjen Sevenster (út Wier, ideolooch fan de Nederlandsche Vereeniging tot Hervorming van de Grondeigendom) en Harm Kolthek (grûnpartij Recht en Vrijheid).
Belang
As útjouwer wie hy fan betsjutting foar de progressive beweging. Hy joech brosjueres út fan Domela Nieuwenhuis, P. Kropotkin, de lânnasjonalisatoaren A. Rauwerda, J. Stoffel, M. Flürschheim en Arjen Sevenster en printe lange jierren de perioadiken fan de grûnherfoarming en it drankbestridersblêd De Blauwe Vaan. Kuiken gou as sympatyk, beskaafd en belêzen. Doe't Jan Kuiken yn 1898 kaam te fertsjerren naam Johannes Kuiken de drukkerij oer. Ut reden fan syn swakke sûnens en it ûntbrekken fan in manlike opfolger, droech Kuiken yn 1920 de lieding fan it bedriuw oer oan syn bedriuwslieder Adolf Hoekstra. Yn syn lêste jierren gie syn ferstân efterút. Op syn begraffenis spriek Kolthek. St. Anne hat in strjitte nei him neamd.
Publikaasjes
- Tal fan artikelen yn de Bildtsche Courant, De Blauwe Vaan en organen fan de grûnherfoarmingsbeweging.
Literatuer
- T. van der Wal, Op zoek naar een nieuwe vrijheid (Leien 1972)
- J. Frieswijk, Socialisme in Friesland 1880-1900 (Amsterdam 1977).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |