Johanneke Liemburg
Quick Facts
Biography
Johanneke Liemburg (Terwispel, 19 july 1952) is de boargemaster fan de gemeente Littenseradiel sûnt 2000. Hja is lid fan de Partij fan de Arbeid fan 1973 ôf.
Sy wie lid fan de Twadde Keamer fan 17 maaie 1994 oant 19 maaie 1998. Dêr wie hja wurdfierder foar ûnderwiis fan de PvdA-fraksje, lid fan de fêste Keamerkommisjes foar finansjen en foar ûnderwiis, kultuer en wittenskippen.
Nei de tiid yn de Keamer is Johanneke Liemburg boargemaster fan Littenseradiel wurden en sette hja har ta wenjen yn Wommels.
Oplieding
Politikology: bestjoerlike rjochting, Universiteit fan Amsterdam, fan 1973 oant 1981.
Persoanlik
Se is troud mei Pieter de Groot en mem fan twa bern. Yn 2010 ferskynde fan 'e hân fan Liemburg de biografy Fedde Schurer (1898-1968): Biografie van een Friese Koerier.