peoplepill id: joets
J
Netherlands
6 views today
6 views this week
Joets
Dutch singer

Joets

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch singer
Work field
Gender
Male
Place of birth
Joure, Netherlands
Age
76 years
The details (from wikipedia)

Biography

Joets, de artystenamme fan Gerard (Gerrit) Wiersma (De Jouwer, 29 desimber 1931 – dêre, 20 augustus 2008) wie in akkordeonist en folkssjonger. Wiersma trede op ûnder de namme Joets, mar waard ek wol Joetska neamd, en yn Snits stied er bekend as Gaston Wiersma.

Libben en wurk

Gerard ('Gerrit') Wiersma waard yn 1931 berne op De Jouwer as ienige soan fan Willem Wiersma en Tryntsje de Wrede. Syn bertehûs wie in hoekhûs oan de Slachtedyk, itselde hûs dêr't syn pake en beppe wenne hiene. Gerard makke de MULO net ôf en neidat er in skoftlang spuonjonge west hie waard hy meubelmakker. Hy makke wol polsstokblokken, skoatsblokken en klompen.

Mar muzyk wie syn lust en syn libben. Leafst wijde er him oan de destiids populêre akkordeonmuzyk fan muzikanten as John Woodhouse en Manke Nelis. Yn Fryslân wie doe Pier Sambrink fan de Sambrinco’s in bekende akkordeonist. Wiersma boude geandewei in namme op as muzikant. Syn repertoir bestie út melodieuze evergreens dy't er ôfwiksele mei Fryske merkelieten as Pier hinget oan’ e laeije, Keapman Sybe, Ja, ja, ja, jááá, dat is de Jouster Merk! en Voorwaarts Geel-Zwarten! en Dútse schlagers en walsen lykas Tanz’ mit mir in der Morgen en Schön is die Jugendzeit. As Jouster spile hy in soad yn boppesealen as fan It Tolhûs en Terwischa mar ek yn de fiere omkriten fan De Jouwer. As oertsjûge kommunist spile er dan de foar in dynjende seal ek nûmers as Alle Menschen werden Brüder. Dat nûmer is it refrein fan út it Europeesk folksliet nei it gedicht ‘Ode an die Freude’ – dat brûkt wurdt yn de 9e Symfony fan Beethoven – út 1785 fan Friedrich Schiller). Simmerdeis wie er te finen by it SKS-skûtsjesilen, en dan benammen by it skûtsje fan syn freon Rienk Zwaga. Wiersma foarme ek in duo mei Ben Mol, de artystenamme fan Berend van der Molen. Mei seis oare Jousters muzykorkesten makke er de langspylplaat Fryske toppers om ‘e Jouster toer. Joets spile dêrop Siebe de Skeuker Oare sankjes binne op dy plaat wiene fan De Evergreens, Spic en Span, De Stampers, De Keallepoaten en de Vermaningsband.

Neist muzikant wie Gerard jierrenlang drager by begraffenissen. By syn eigen ôfskied yn it grifformearde gebou De Oerdracht waard waard oan de ein fan de tsjinst de 'Ynternasjonale' spile, wylst de Sovjetflagge op syn kiste lei. Gerrit fielde him besibbe oan de folken efter it 'Izeren Gerdyn'. Sa betocht hy bygelyks op 4 maaie de Georgiërs dy't op Teksel begroeven lizze.

Trommelstokken

Wiersma makke ek trommelstokken. Trochdat de stokken yn de fabriken makke waarden hiene se net mear fan dy tinne, lange halzen as foarhinne. By syn oplieding as meubelmakker hie hy it fak fan pomp- en mêstmakker leard. De trommelstokken makke hy masinaal, mar wol 'op it each'. Hy makke sân ferskillende soarten mars-, konsert- en jazz-stokjes. Hy makke se benammen fan palissander, mar ek wol út eskehout.

Joetslied

Haak-in, haak-in
Dat hele kleine ding
Zet een glaasje aan je mondje
Schud eens even met je kontje
Schuren met je gat, schuren met je gat
O wat hebben we lol gehad
Jolijt hatsikidee
't Is carnaval olé..!

Diskografy

  • Fierljeppe / Ik hald fan dij (single, Philips 6075 032, 1978)
  • t Is beerenburg / Het joetslied, single mei ben Mol Philips 6075 051, 1978)
  • Fryske toppers om 'e toer , LP mei oaren (FriBorg RCS 483, 1981)
  • Toppers ut Fryslân 2, CD mei oaren (Frigram FGCD 533, 1994)
  • Fryske toppers om ‘e Jouster toer(FriBorg RCS 483, 1981)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Joets is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Joets
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes