peoplepill id: joachimus-lunsingh-tonckens-1
JLT
3 views today
3 views this week
Joachimus Lunsingh Tonckens

Joachimus Lunsingh Tonckens

The basics

Quick Facts

Joachimus Lunsingh Tonckens
The details (from wikipedia)

Biography

Joachimus Lunsingh Tonckens (Westervelde, 28 maart 1817 - De Haach, 1 april 1893) wie in Nederlânsk arts en boargemaster.

Libben en wurk

Bordena, de wenning dy't Tonckens yn 1868 bouwe liet yn Beetstersweach

Tonckens woe in soan fan de lânbouwer en wethâlder fan Smilde Elzo Tonckens en Elisabeth Reinders Nijensikkinge. Hy wie in pakesizzer fan Joachimus Lunsingh Tonckens, eigener fan Hûs te Westerveld of de Tonckensboarch. Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Grins en promovearre dêr yn 1842 ta medysk doktor en yn 1843 ta doktor yn de ferloskunde. Hy fêstige him as dokter op De Sweach. Dêr liet hy it monumintale pân Bordena oan de Haadstrjitte 31 bouwe. Hy wie lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1865 waard hy beneamd ta boargemaster fan Opsterlân. Dizze funksje lei hy yn jannewaris 1873 del. Hy waard opfolge troch Albertus van Harinxma thoe Slooten Hy ferhuze nei De Haach, dêr't hy yn 1893 op 76-jierrige leeftiid ferstoar.

Tonckens boaske op 15 july 1847 yn Ljouwert mei de dêr berne Helena Aletta Koumans Smeding, dochter fan Pieter Koumans Smeding, útjouwer fan de Ljouwerter Krante en Johanna Vitringa Coulon. Ut dit houlik waarden fiif dochters berne. Syn broer Sijbrandus Hellinga wie boargemaster fan Odoorn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

      The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
      Lists
      Joachimus Lunsingh Tonckens is in following lists
      comments so far.
      Comments
      From our partners
      Sponsored
      Joachimus Lunsingh Tonckens
      arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes