Jancke fan Osinga
Quick Facts
Biography
Jancke fan Osinga wie de soan fan Searp fan Osinga en Jel Hermana, waard op 22 novimber 1580 as grytman fan Wûnseradiel oansteld, en krige syn kommisje út namme fan de kening fan Spanje, wylst de gritenij fakant wie troch moedwillige ôfstân fan Goslick fan Herema.
Yn 1579 hearde hy ta de deputearren, waans beneaming troch de steedhâlder Rennenberg goedkard waard. Hy hearde ta de ûndertekeners fan it ferbûn fan stêden en dielen, nei it ôfskodzjen fan it Spaanske jok en siet yn dy ûnrêstige tiden yn ferskate steatskommisjes. Hy boaske earst mei Ebel, widdo fan Popke Wijbes Fokkema, dy't him in soan skonk doe mei Tjemk Mada, dochter fan Frans Aebinga fan Blya, dy't de namme fan Humalda by syn eigen oannaam, en Anna van Feitsma, dêr't hy trije bern by hie. Treddens boaske er Ted Haersma sûnder bern. Syn soan Sybrand fan Osinga waard letter dykgreve en grytman.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|