peoplepill id: jan-albert-de-grave
JADG
2 views today
5 views this week
Jan Albert de Grave

Jan Albert de Grave

The basics

Quick Facts

Gender
Male
The details (from wikipedia)

Biography

Jan Albert de Grave ( ???? - ± 1734) wie in klokke- en geskutsjitter. Hy kaam fan Celle, by de Dútske stêd Hannover. De Grave waard neamd doe't er op 10 july 1699 troude mei Catharina ten Wege, de widdo fan de Amsterdamske klokke- en geskutjitter Claude Fremy. Hy neamde him doe sels ek geskutjitter. Doch waard er earst op 17 febrewaris 1700 boarger fan Amsterdam. Op dat stuit hie de widdo Ten Wege de Amsterdamske jitterij tegearre mei masterfeint Claes Noorden, in learling fan de Hemony's. Catharina ten Wege stoar yn 1704.

Tegearre mei Claes Noorden, syn kompanjon, levere er klokkespullen foar de Abdy te Park (1709), in spul dat letter nei Leuven ferhúze, en ien foar Middelburch (1714-15). It liket derop dat by de bou fan beide spullen Noorden, as learling fan de Hemony's de wichtichste rol spille hat. Dochs hat De Grave nei syn dea yn 1716 noch twa klokkespullen makke, nammentlik yn 1717 foar de Parochialkirche yn Berlyn en yn 1721 foar de Garnisonskirche yn Potsdam.

Doe't De Grave op jierren kaam, waard yn 1731 (of faaks earder) Nicolaas Muller syn kompanjon. De Grave sil yn 1734 of koart derfoar stoarn wêze, want dat jier waard de jitterij ferhierd oan Ciprianus Crans. It soe sa'n twa iuwen duorje eart der wer in Nederlânske klokkejitter, dy't in klokkespul meitsje koe, fan De Grave syn nivo komme soe.

Bibliografy (ned)

  • Luc Rombouts: Zingend Brons, útjouwerij Davidsfonds Leuven, 2010, ISBN 978-90-5826-720-7
  • André Lehr: Van Paardebel tot Speelklok, útjefte Europese Bibliotheek Zaltbommel 1971 (gjin ISBN)
  • Heleen van der Weel: Klokkenspel Het carillon en zijn bespelers tot 1800, Utjouwerij Verloren Hilfertsom 2008, ISBN 978-90-8704-061-1
  • Laura J. Meilink-Hoedemaker: Artikel oer Stads klokkengieterij van Amsterdam onder Jan Albert de Grave 1699-1729, yn Klok en Klepel it blêd fan de Nederlandse Klokkenspel Vereniging. nr 115 Des. 2011

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • B.Bijtelaar, De Zingende Torens van Amsterdam (Amsterdam, 1947), s.42-43.
  • André Lehr, Van paardebel tot speelklok. De geschiedenis van de klokgietkunst in de Lage Landen (Saltbommel, 1971, 2de printing 1981), s.228-229.
  • D.A. Wittop Koning, Nederlandse Vijzels (Weert, 2de printing 1989), s.41.
  • Ljouwerter Krante, 19 july 1952

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jan Albert de Grave is in following lists

By work and/or country

comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Jan Albert de Grave
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes