peoplepill id: jacob-visser-1
JV
4 views today
4 views this week
Jacob Visser
Frysk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen

Jacob Visser

The basics

Quick Facts

Intro
Frysk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen
Work field
Gender
Male
Birth
Place of birth
Sneek
Place of death
Sneek
Age
26 years
The details (from wikipedia)

Biography

Jacob Sjoukes Visser, meast Jacob (Snits?, 1793 of 1794 - Snits, 18 maaie 1820) wie in bekend persoan yn de omkriten fan Snits. Hy spile in grutte rol yn de histoarje fan de Snitswike en Hurdsyldei yn Snits.

De Snitser Jacob Visser wie yn Frânske kriichstsjinst naam. Yn 1814, oan de ein fan de Frânske besetting waard der tocht dat er dea wie. Doe't it bliken die dat er desertearre wie en noch libbe, wie dat reden foar de Snitser befolking om Jacob Visser feestlik te ûntfangen. Hy wie op wei nei hûs en dat paad gie doe noch oer wetter. Yn sân hasten waard in feestlike boattocht út Snits wei organisearre. Yn slachoarder luts hiel farrend Snits nei De Jouwer om Jacob Visser feestlik op te heljen. De sylpartij foel sa yn de smaak dat besluten waard om tenei elk jier in dei mei feestlike sylwedstriden en -plechtigheden te organisearjen. Dat waard de Snitser Hurdsyldei, dy't de opfolging foarme fan it Snitser Admiraalsilen. Letter waard de dei útwreide ta de hjoeddeiske Snitswike.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jacob Visser is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Jacob Visser
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes