Jaap van Dijk
Quick Facts
Biography
Jaap van Dijk (Frjentsjer, ?) is in byldzjend keunstner út Tsjummearum. Syn Mavo-dekaan woe him nei de keunstakademy hawwe, mar it waard by tafal de slachtersoplieding. Jûns siet Jaap lykwols faak te tekenjen. Op oantrunen fan syn omjouwing doarde er yn 1966 fan syn hobby tekenjen (en letter skilderjen) syn berop te meitsjen. As lid fan de Frjentsjerter keunstferiening Fasit wurke er earst yn it âlde molkfabryk fan Rie.
Van Dijk wurket meast mei oaljeferve. Yn kleur mar ek wol yn swart-wyt. Hy makket realistysk-figurative oaljeferveskilderijen, portretten en lânskippen. Ek hynders en kij binne faak tema yn syn skilderingen.
Jaap jout ek kursussen en workshops skilderjen mei akryl.
Eksposysjes fan him wienen û.o. yn it Lânboumuseum yn Eksmoarre (2003), Go Gallery yn Amsterdam en by Keunsthannel Wolters yn Harns (2004). Jaap van Dijk is dielnimmer oan Slykwurk, in keunstrûte troch It Bilt.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |