peoplepill id: heert-pieters-de-jong
HPDJ
Netherlands
3 views today
3 views this week
Heert Pieters de Jong

Heert Pieters de Jong

The basics

Quick Facts

Gender
Male
Place of birth
Vrouwenparochie, het Bildt, Friesland, Netherlands
Place of death
Groningen, Groningen, Groningen, Netherlands
Age
74 years
The details (from wikipedia)

Biography

Heert Pieters de Jong (Froubuorren, 13 oktober 1828 - Grins, 26 maart 1903) wie in Frysk ûnderwizer en taalman.

Hy wie in soan fan winkelman Pieter Japiks de Jong en Trijntje Gerkens Dokter. Hy krige kunde oan Gerben Colmjon, wat him motivearre ta it yn stúdzje nimmen fan taal. Op 10 maaie 1847 waard er ûndermaster yn Minnertsgea, yn augustus 1851 skoalhaad yn Marsum en juny 1853 yn Sint Jabik. Yn dat lêste plak wie er ek koster, foarsjonger en oargelist fan de Groate Kerk. Op 2 septimber 1869 waard er haad fan de skoalle yn Stiens.
Yn 1887 waard er beneamd ta arrondissemintsskoalopsjenner en soe dy funksje oant 1895 besette.

De Jong wie in grut foarstanner fan it Frysk.

De Jong boaske yn 1851 oan Antje Thomas de Groot (1828-1902), in boeredochter út Minnertsgea. Sy krigen trije bern. Hy waard beïerdige njonken syn frou yn Stiens.

Publikaasjes

  • De Wrâld scil forgean. Petear fen in boer en syn arbeider oer it sizzen dat er in comeet tszin ûs ierdbol oanpompje scil, op é 13 Juny 1857 (Frentsjer 1857).
  • Bydragen yn Bijekoer (1847-50); Swanneblommen (1853, 59); Iduna X.
  • Meidogger oan de Gids voor reizenden, Friesland en de Friezen (Ljouwert, 1877)
  • Ferskate lêsboekjes foar de legere skoalle, dy't faak fannijs printe waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Heert Pieters de Jong is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Heert Pieters de Jong
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes