Gellius Faber de Bouma
Quick Facts
Biography
Gellius Faber de Douma, latinisearring fan Jelle Smit, ek G. Faber van Bouma, (Ljouwert?, ± 1490 - Emden, 2 juny 1564) wie in pastoar en letter herfoamer fan it leauwe.
Hy wie om 1516 hinne pastoar te Jelsum en preke 'evangelysk'. Wurdt sjoen as foaroprinner fan de Fryske herfoarming. Om 1530 hinne noch net ferfolge troch de (tsjerklike) oerheid.
Faber de Bouma leit yn 1536 it prysteramt del, yn deselde snuorje docht Menno Simons dat ek. Hy flechte nei East-Fryslân dêr't er predikant waard te Norden. Yn 1538 waard er beroppen yn Emden, dêr't er oan syn dea in wichtich man yn de grifformearde gemeente bleau. Yn 1551 of 1552 skriuwt er in ferdigeningsskrift tsjin de werdopers, útjûn yn Maagdenburch. Hy en Menno Simons bestrieden elkoar fûl yn harren ferballing, ûnder oaren oer de (be)ropping fan predikanten.
Gellius hie twa soannen: Assuerus († 1575) en Petrus († 1604)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |