peoplepill id: fokke-middendorp
FM
Netherlands
6 views today
6 views this week
Fokke Middendorp
Stellingwerfs-dialect writer

Fokke Middendorp

The basics

Quick Facts

Intro
Stellingwerfs-dialect writer
Work field
Gender
Male
Place of birth
Wolvega, Weststellingwerf, Friesland, Netherlands
Place of death
Wolvega, Weststellingwerf, Friesland, Netherlands
Age
96 years
The details (from wikipedia)

Biography

Fokke Middendorp (Wolvegea, 1 maaie 1905 – dêre, 21 novimber 2001) wie in Frysk publisist, dy't yn sawol it Nederlânsk as it Stellingwerfsk folkekundige, geakundige en skiedkundige boeken en artikels skreau oer de Stellingwerven. Hy wurke in soad ûnder de skûlnamme Fokke van Lute.

Libben

Middendorp waard yn 1905 berne yn Wolvegea. Nei't er mei pinsjoen gien wie, sette er útein te skriuwen oer de folkekunde, geakunde, skiednis en ierdrykskunde fan 'e Stellingwerven. Dêrby makke er in protte gebrûk fan it pseudonym Fokke van Lute. Middendorp skreau sawol yn it Nederlânsk as yn syn memmetaal, it Stellingwerfsk.

Syn belangstelling gie benammen út nei syn bertedoarp Wolvegea en nei de gemeente Weststellingwerf. Sa publisearre er yn 1980 it boek Her en Der deur et Oolde Wolvege, en yn 1981, tegearre mei Han Wielick, Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf.

Yn 1996 krige Middendorp de H.J. Bergveld-priis foar literatuer yn it Stellingwerfsk takend foar Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt, in bewurking troch him fan 'e autobiografyske ferhalen fan boere-arbeider en komelker Batteld Nijhoolt (berne 1885) van De Miente, boppe Noardwâlde. Middendorp ferstoar yn 2001 yn syn bertedoarp Wolvegea, yn 'e âlderdom fan 96 jier.

Wurk

  • 1980 – Her en Der deur et Oolde Wolvege (as Fokke van Lute)
  • 1981 – Van Haule tot Heide: De Volledige Historie van Alle Straten, Wegen, Lanen, Paden en Pleinen in Weststellingwerf (mei Han Wielick)
  • 1985 – Na Driemaal Klokkleppinge: De Westhoek
  • 1989 – De Van Harens en Wolvega
  • 1992 – Huus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt (ûnder red. fan Fokke Middendorp)
  • 1995 – Fokke van Lute op 'e Tekst over Aant Heida, Jan van Schoot en Johannes Wardenier (as Fokke van Lute)
  • 1997 – Het land van Stellingwerf Toen en Nu in Woord en Beeld
  • 1998 – Weststellingwerf in Vogelvlucht
  • 2006 – Fokke van Lute Vertelt: Verhalen over de Geschiedenis van Weststellingwerf (as Fokke van Lute; mei Ike Naafs-Loman)

Prizen en nominaasjes

JierPriisResultaatKategoryFoar
1996H.J. Bergveld-priiswûnbêste Stellingwerfsktalige boekHuus op 'e Miente: Et Levensverhael van Batteld Nijhoolt

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Fokke Middendorp is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Fokke Middendorp
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes