Fokke Abels
Quick Facts
Biography
Fokke Abels (Dokkum, data fan berte en ferstjerren ûnbekend); hy wie in broer fan wettergeus Jan Abels. Hy soe read hier hân hawwe en wie lyts fan postuer.
Op 5 april 1558wurdt er mei syn broer troch de boargemasters fan Grins oansteld om de skipfeart tsjin seerôvers te ferdigenjen. Doe't hartoch Alva troch kening Filips II nei de Nederlannen stjoerd waard om de opstân del te slaan moast er flechtsje. April 1567 is er yn Emden en wurdt er ien fan de earste Wettergeuzen.
Ein maart 1569 ferkeapet er rôversguod foar Jan Abels yn Emden; begjin desimber 1570 wurdt syn skip by Norden troch de Eastfriezen yn beslach naam; yn 1571 wurdt er as kaptein fan de wettergeuzen neamd en rist er yn La Rochelle (Frankryk) in skip út yn tsjinst fan in Loadewyk fan Nassau; ein maart 1572 is er yn Dover, neffens oaren yn Dieppe; hy wie oanwêzich by it ynnimmen fan Den Briel (1 april 1572).
Abels stie oanskreaun as in fûl ferfolger fan de muontsen; syn skip hiet ‘de Galei’. 17 maaie 1572 wurdt er ferbanne troch Alva. Dêrnei wurdt syn namme net mear neamd.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|