peoplepill id: fb-hotz
FH
Netherlands
2 views today
2 views this week
F.B. Hotz
Dutch writer (1922-2000)

F.B. Hotz

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch writer (1922-2000)
A.K.A.
Frits Bernard Hotz
Work field
Gender
Male
Place of birth
Leiden, South Holland, Netherlands, Kingdom of the Netherlands
Place of death
Leiden, South Holland, Netherlands, Kingdom of the Netherlands
Age
78 years
F.B. Hotz
The details (from wikipedia)

Biography

Frits Bernard Hotz, skriuwersnamme F.B. Hotz, (Leien, 1 febrewaris 1922 – dêre, 5 desimber 2000) wie in Nederlânsk jazzmuzikus en skriuwer, meast fan ferhalen.

Biografy

Hotz (links mei tromboane)
mei de New Orleans Seven (1955)

Wurkpaad

Hotz gie nei de ambachtsskoalle en folge dêrnei in skoft in middelbere oplieding wurktúchboukunde, mar stapte yn 1942 oer op de keunstakademy en naam it tromboanespyljen op. Bix Beiderbecke wie syn grutte foarbyld. Jusjes nei de Twadde Wrâldkriich krige er tuberkuloaze, sadat er in stikmannich jierren op bêd bliuwe moast. Fan 1949 ôf, oant ein jierren sechtich wie er súkselfol jazzmuzikus, ûnder oaren by de Dixieland Pipers en The New Orleans Seven. Dêrnjonken wie er jazzresinsint foar it tydskrift Rhythme en muzyklearaar. Yn de rin fan de jierren sechtich waard Hotz, dy't min sjen koe en oan de ein fan syn libben suver blyn waard, bibleteekmeiwurker by de Nederlânske Blinenbibleteek te De Haach en yn 1973 joech er de mmuzyk der oan.

Hotz woe as jonge al skriuwer wurde en skreau fan de jierren fyftich ôf ferhalen, ynspirearre troch J. van Oudshoorn, mar hy stjoerde dy earst yn 1974 nei in útjouwer, hy wie doe 54 jier. Noch itselde jier debutearre er yn Maatstaf mei it ferhaal 'De tramrace'. De debútbondel Dood weermiddel waard entûsjast ûntfongen, en foar de twadde bondel - Ernstvuurwerk - krige er yn 1978 de F. Bordewijk-priis. Yn 1998 waard him de P.C. Hooft-priis takend foar syn hiele oeuvre.

Dat oeuvre bestiet benammen út ferhalen, dy't yn in tige sobere styl skreaun binne. De ferhalen geane faak oer manlju dy't it yn it libben tsjinsitten hat en dy't drege ferhâldingen mei meast dominante froulju hawwe. Opfallend is de leafde dêr't dingen, benammen âlderwetske ferfiermiddelen sa as de stoomtram en de zeppelin, beskreaun wurde.

Inkelde fan syn ferhalen binne oerset yn it Frânsk.

Persoanlik libben

Hotz troude yn 1956 mei Greetje Rietbroek en hie in soan by har. It houlik waard yn 1964 ûntbûn. Hotz wenne dêrnei in lang skoft oan de Rijnsburgerwei yn Leien en dêrnei op keamers by syn âldere suster Atie, dy't de soarch foar syn soan op har naam, yn Oegstgeest. Syn eks-frou hie wilens in relaasje mei Hotz syn freon de muzikus Serein Pfeiffer. Yn 1970 stuts Greetje him dea en krige trije jier finzenisstraf. Hotz hat dat foarfal altyd geheim hâlde wollen. Freonen en sels syn soan wisten it lange tiid net. Neffens biografe Aleid Truijens neamt de moard 'it oerferhaal fan Hotz'.

Hotz stoar yn de âldens fan 78 jier yn it Diakonessehûs yn Leien.

Postúm

Desimber 2002 en jannewaris 2003 fierde de Leidske stichting Bontekoespelen un de Leienske busremise fan Connexxion de muzykteaterfoarstelling Het geluid van Hotz op, basearre op Hotz' ferhaal De voetnoot.

Yn 2003 ferskynde in oersetting yn it Dútsk fan in kar út syn ferhalen, mei in neiwurd fan Maarten 't Hart. Fan 't Hart ferskynde yn itselde jier De man met het glas, in bondel ynterviews mei en beskôgings oer Hotz.

De Stichting Fonds voor de Letteren kende yn 2003 in beurs ta oan Aleid Truijens foar it skriuwen fan in biografy fan F.B. Hotz. Truijens skreau ek yn 1981 in monografy Over verhalen van F.B. Hotz en besoarge yn 2002, tegearre mei H.E. Schütte, de korrespondinsje tusken Hotz en syn omke H.W. Kunst ûnder de titel Een beetje levensbestemming. De biografy ferskynde yn 2011, Geluk kun je alleen schilderen. F.B. Hotz. Het leven.

Prizen

  • 1978 - F. Bordewijk-priis foar Ernstvuurwerk
  • 1992 - Sjoerd Leikerpriis foar syn hiele oeuvre
  • 1998 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre

Bibliografy

  • 1976 - Dood weermiddel (ferhalen)
  • 1978 - Ernstvuurwerk (ferhalen)
  • 1980 - Proefspel (ferhalen)
  • 1982 - De tramrace (karlêzing)
  • 1983 - Rhythme (twa artikelen, rôfdruk, oplage 27 ex.)
  • 1983 - Een aalmoes in Tölz (ferhaal, rôfdruk, oplage 27 ex.)
  • 1983 - Duistere jaren (ferhalen)
  • 1984 - Geen haast (sitaat, oplage 4 eks., printe troch De Literaire Loodgieters)
  • 1984 - Joop, Jan en meneer Ginsberg (ferhaal, oplage 540 ex.)
  • 1987 - Ruim 100 jaar geleden verkondigde een terecht vergeten Duitse filosoof (tekst, faks. hânskrift auteur, oplage 40 sign. eks.)
  • 1987 - Eb en vloed (ferhalen)
  • 1990 - De voetnoot (novelle)
  • 1991 - De vertekening (roman)
  • 1996 - De vertegenwoordigers (ferhalen en beskôgingen)
  • 1997 - September (ferhaal út 'Duistere jaren', oplage 50 eks.)
  • 1997 - Liefde & De envelop ( twa ferhalen út 'Proefspel', oplage 250 eks.)
  • 1997 - Het werk (twa dielen samle wurk)
  • 2001 - De mooiste verhalen (karlêzing)
  • 2003 - Die Chaussee. Roman in Erzählungen (Dútse oersetting fan in tal ferhalen)

Sekundêre bibliografy

  • Aleid Truijens - Over verhalen van F.B. Hotz (1978)
  • Jan Brokken - Over F.B. Hotz (1982)
  • Aleid Truijens - De god van Hotz en de P.C. Hooft-prijs (1998)
  • Henri E. Schütte en Aleid Truijens (red.) - Een beetje levensbestemming. F.B. Hotz en H.W. Kunst (briefwikseling) (2002)
  • Maarten 't Hart - De man met het glas. Over F.B. Hotz (2003)
  • Aleid Truijens - Geluk kun je alleen schilderen. F.B. Hotz. Het leven. (2011)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:,F.B. Hotz

Biografy

Hotz (links mei tromboane)
mei de New Orleans Seven (1955)

Wurkpaad

Hotz gie nei de ambachtsskoalle en folge dêrnei in skoft in middelbere oplieding wurktúchboukunde, mar stapte yn 1942 oer op de keunstakademy en naam it tromboanespyljen op. Bix Beiderbecke wie syn grutte foarbyld. Jusjes nei de Twadde Wrâldkriich krige er tuberkuloaze, sadat er in stikmannich jierren op bêd bliuwe moast. Fan 1949 ôf, oant ein jierren sechtich wie er súkselfol jazzmuzikus, ûnder oaren by de Dixieland Pipers en The New Orleans Seven. Dêrnjonken wie er jazzresinsint foar it tydskrift Rhythme en muzyklearaar. Yn de rin fan de jierren sechtich waard Hotz, dy't min sjen koe en oan de ein fan syn libben suver blyn waard, bibleteekmeiwurker by de Nederlânske Blinenbibleteek te De Haach en yn 1973 joech er de mmuzyk der oan.

Hotz woe as jonge al skriuwer wurde en skreau fan de jierren fyftich ôf ferhalen, ynspirearre troch J. van Oudshoorn, mar hy stjoerde dy earst yn 1974 nei in útjouwer, hy wie doe 54 jier. Noch itselde jier debutearre er yn Maatstaf mei it ferhaal 'De tramrace'. De debútbondel Dood weermiddel waard entûsjast ûntfongen, en foar de twadde bondel - Ernstvuurwerk - krige er yn 1978 de F. Bordewijk-priis. Yn 1998 waard him de P.C. Hooft-priis takend foar syn hiele oeuvre.

Dat oeuvre bestiet benammen út ferhalen, dy't yn in tige sobere styl skreaun binne. De ferhalen geane faak oer manlju dy't it yn it libben tsjinsitten hat en dy't drege ferhâldingen mei meast dominante froulju hawwe. Opfallend is de leafde dêr't dingen, benammen âlderwetske ferfiermiddelen sa as de stoomtram en de zeppelin, beskreaun wurde.

Inkelde fan syn ferhalen binne oerset yn it Frânsk.

Persoanlik libben

Hotz troude yn 1956 mei Greetje Rietbroek en hie in soan by har. It houlik waard yn 1964 ûntbûn. Hotz wenne dêrnei in lang skoft oan de Rijnsburgerwei yn Leien en dêrnei op keamers by syn âldere suster Atie, dy't de soarch foar syn soan op har naam, yn Oegstgeest. Syn eks-frou hie wilens in relaasje mei Hotz syn freon de muzikus Serein Pfeiffer. Yn 1970 stuts Greetje him dea en krige trije jier finzenisstraf. Hotz hat dat foarfal altyd geheim hâlde wollen. Freonen en sels syn soan wisten it lange tiid net. Neffens biografe Aleid Truijens neamt de moard 'it oerferhaal fan Hotz'.

Hotz stoar yn de âldens fan 78 jier yn it Diakonessehûs yn Leien.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
F.B. Hotz is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
F.B. Hotz
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes