peoplepill id: erik-van-ommen
EVO
Netherlands
3 views today
3 views this week
Erik van Ommen
Dutch painter and graphic artist

Erik van Ommen

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch painter and graphic artist
Work field
Gender
Male
Place of birth
Epe, Epe, Gelderland, Netherlands
Age
68 years
The details (from wikipedia)

Biography

Erik van Ommen (Epe, 26 oktober 1956) is in byldzjend keunstner dy't mei syn partner Wilma Brinkhof yn de âlde pastorije mei galery oan de Brink fan it Drintske Vries wennet. Syn wurk bestiet út etsen, oaljeferveskilderijen, ek yn gyclee, bylden en fideofilms.

Hy studearre yn 1983 ôf oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten Minerva yn Grins. Syn wurk is figuratyf yn de tradysje fan de Noardlike Realisten.

Hy wurket leafst yn projektfoarm en docht dat faak yn gearwurking mei natoerorganisaasjes. Sa makke er tema's oer de klút, swellen, hoanskrobbers, de kolgoes en de bijefretter. By in kollumn yn it bled "Vogels" ferskynden 'momintetsen'. De ôfdruk fan de ets wurket as in soarte finster. De taskôger sjocht der trochhinne en trappearret syn ûnderwerp as yn in momintopname.Keunst en kultuer sjocht Van Ommen as in gehiel en sjocht it dêrom as syn taak him yn te setten foar syn ynspiraasjeboarnen. Van Ommen fynt dat gearwurking yn passy en kreativiteit ta mear liede en rjochte dêrom mei oaren yn de jierren njoggentich de Artist for Nature Foundation op. Dizze stifting wol middels keunstwurken oandacht freegje foar bedrige natoergebieten. Faak folget er ek fûgels en komt sa op in soad plakken. Hy skilderde ûnder mear yn lannen as Israel, Yndia, Namybje, Amearika en Japan.

Eksposysjes fan him wienen te sjen yn museums yn binnen- en bûtenlân. Mear as 30 boeken mei dêryn skilderijen, akwarellen, etsen, tekeningen en pastels ferskynden fan him. Hy wie ek op telefyzje te sjen yn programma's fan de NCRV, TELEAC, TV Noord, Van gewest tot gewest en de VARA.

Yn 2015 kaam syn 32e boek út, Mijn reigerparadijs. Dêryn waarden foar it earst fideofilms opnaam. It boek waard nominearre foar de Jan Wolkerspriis 2015. Foar VARA's Vroege Vogels ûntwurp er yn 2015 it logo fan de skries, de nasjonale fûgel fan Nederlân. Yn 2015 stichte erHet Bevlogen Oog, in priis foar de bêste jonge fûgeltekener.

Publikaasjes

  • Mijn Reigerparadijs – 2015
  • Het Waddenatelier – 2013
  • De ijsvogels van de Hunze – 2012
  • Mijn pastorietuin – 2010
  • De kluten van Breebaard – 2008
  • De inktvogel – 2007
  • Vingeroefeningen – 2007
  • Hirado no sura – 2006
  • De zwaluwen van Singraven – 2006
  • De kiekendieven van het Oldambt – 2004
  • De Strandgids – 2003
  • Vlerkenstreken – 2003
  • De dwergganzen van Anjum – 2003
  • Het Groene woud – 2002
  • De bijeneters van Harkstede – 2001
  • Het Uilenpad – 1999
  • Het Vossenpad – 1998
  • 33 Etsen – 1998
  • Het Ganzenpad – 1996
  • Texel – 1995
  • Trekvogels van rots tot rots – 1993
  • De Kroonspolders – 1993
  • Vogels op water en slik – 1989
  • Op twee Vleugels – 1983

Fierder ferskynt syn wurk geregeldwei yn de tydskriften Vogels, Noorderbreedte, Golden Raand en Roots. Hy makke tekeningen en akwarellen foar ferskate lânskippen en natuerorganisaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Erik van Ommen is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Erik van Ommen
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes