Emiel Stoffers
Quick Facts
Biography
Emiel Stoffers, (Uithuizen (Grinslân)), is sjonger, gitarist, tekstskriuwer en oprjochter fan De Hûnekop, in band mei rûchhouwersmuzyk.
Stoffers groeide op as soan fan in feekeapman yn East-Grinslân en ferhuze nei Kollumersweach doe't er fjouwer jier wie. Op syn santjinde jier kaam er yn Ljouwert te wenjen. Begûn oan in stúdzje laboratoariumtechnyk, mar wurke in jier letter al op de werf en wurke as útstjoerkrêft. Syn ûnderfinings yn it wurk wienen faak de boarne fan ûnderwerpen fan de ferskes. Spile doe ek yn in metalbandsje. Letter hâlde er in skoft yn Austraalje en Tailân ta.
Mei de Ljouwerters Bart Scheffers en Rik Alstra waard yn 2010 De Hûnekop oprjochte. De ik-persoanen binne de fleiswurden klisjee fan de arbeider út de Fryske Wâlden. Dy arbeiders- en rûchhouwerskultuer komt faak werom yn de teksten fan De Hûnekop.
Nei't er wer ris yn de WW bedarre, besleat er in eigen bedriuw op te rjochtsjen: Frisian Music. De earste CD fan De Hûnekop wie Raast oan de protters en ferskynde yn 2010. De twadde CD fan De Hûnekop waard op 16 july 2011 presintearre op harren eigen festival yn Burgum.