Elizabeth Bruce
Quick Facts
Biography
Elizabeth fan Bruce (Ingelsk: Elizabeth Bruce, Normandysk-Frânsk: Elizabeth de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1286 – 13??) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie.
Libben
Hja wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en wierskynlik dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick, hoewol't guon histoarisy fan betinken binne dat se gjin dochter fan Marjorie fan Carrick wie, mar mooglik in oerwûn bern fan Annandale en in mêtresse. Yn elts gefal wie Elizabeth in suster (itsij in folle, itsij in healsuster) fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam.
Oer Elizabeth fan Bruce is fierders net safolle oerlevere. Se kaam omtrint 1286 te Carrick te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick. Letter troude se mei de ridder Willem fan Dishington, hear fan Ardross. Mei him krige se yn elts gefal ien soan, dy't ek Willem fan Dishington hiet en letter sheriff fan Fife wie. Har stjerdatum en -plak binne ûnbekend.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |