D.C. Lewis
Quick Facts
Biography
D.C. Lewis, skûlnamme fan Ruud Eggenhuizen (Arnhim, 27 jannewaris 1947 - dêre, 28 april 2000) , wie in Nederlânsk sjonger. Hy waard ferneamd fan syn nûmer 1-hit Mijn gebed, wêrmei't er yn 1970 sechtjin wiken yn in de Nederlânske Top 40 stie en ek tretjin wiken yn de Hilfertsom 3 Top 30, wêrfan fjouwer wiken op nûmer 1.
D.C. Lewis die yn 1970 mei it liet Linda mei oan it Nasjonaal Songfestival, mar waard net ôffurdige nei it Eurofyzjesongfestival. Letter hie er noch twa lytse hits, Zijn testament (#23 yn de Top 40 en #24 yn de Top 30) en Eva Magdalena (#33 yn de Top 40). Dêrnei trede Lewis noch in skoft op mei de Dance and Showband fan José Marcello.
Yn de jierren '80 waard by Eggenhuizen fibromyalgy fêststeld. Hy stoar yn de âldens fan 53 jier oan in hertstilstân en waard beïerdige op it Arnhimske begraafplak Moscowa