Bob Spaak
Quick Facts
Biography
Bob Spaak (eigentlik: Egbert Spaak) (Amsterdam, 1917 – Nieuw-Loosdrecht, 11 juny 2011) wie in eardere Nederlânsk sportsjoernalist en presintator.
Libben
Yn syn jeugd wie Spaak in fertsjinstlik atleet: mei de ploech fan de Amsterdamske Atletyk Club (AAC) waard hy twarres Nederlânsk kampioen op de 4 x 100 m estafette.
Hy begûn syn sjoernalistike rinbaan yn 1945 by it deiblêd Het Vrije Volk, dêr't hy oant 1955 wurke. Dêrnei stapte hy oer nei de VARA-radio. Hy presentearre der ûnder oare de sportprogramma's Zondag Sportjournaal en Tussen Start en Finish. Ek siet hy yn it panel fan it spultsje Het hangt aan de muur en het tikt en presintearre hy it plateprogramma De Ontbijtclub.
Yn 1965 makke Spaak diel út fan de redaksje fan it nije blêd Voetbal International. In jier letter kaam hy y tsjinst by de NTS-telefyzje. Dêr waard hy sjef fan Sport in Beeld, de foarrinder fan Studio Sport. Hy joech dêr lieding oan in lytse redaksje, dy't fierder bestie út Herman Kuiphof, Ad van Emmenes, Jan Leijendekker en Koen Verhoeff. Letter kamen Hugo Walker en Theo Reitsma der noch by.
Spaak wie sels ek te hearen as ferslachjouwer, by in soad ferskillende sporten. Ferneamd waard syn alterearre kommintaar yn 1965, doe't de Europa Cup-wedstriid Feyenoord - Real Madrid, nei in Spaanske sjarzje op Coen Moulijn, hielendal út de hân rûn: "Coen, Coen! Behéérs je alsjeblieft!... Jongens, jongens, dit kan toch niet. Dit kan toch niet! Wat een afschuwelijke vertoning."
Bob Spaak wie in ferslachjouwer mei in soad gefoel foar koartswyl en understatement. Sa omskreau hy de Earste difyzje faak as it "min ofte mear betelle fuotbal." Ienris wie hy ûnbedoeld komysk: yn 1966 waard by de útstjoering fan it riden yn Dimter foar it earst gebrûk makke fan werhellingen. Op de 10 kilometer foel Kees Verkerk en oardel minút letter waard dit fragmint werhelle, wêrnei't Spaak neat yn de gaten hawwend útrôp: "Keessie jongen, val je nu alweer?..."
Foar jonge ferslachjouwers wie Spaak in treflik learmaster. Benammen Mart Smeets hat faak heech fan syn âlde sjef opjûn. Yn 1982 gie hy mei pensjoen. Hy wenne yn Loasdrecht.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |