peoplepill id: binne-roorda
BR
Netherlands
3 views today
3 views this week
Binne Roorda
Dutch teacher and theologian

Binne Roorda

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch teacher and theologian
Gender
Male
Place of birth
Oostdongeradeel, Friesland, Netherlands
Place of death
Sandbostel, Selsingen, Rotenburg (Wümme), Germany
Age
47 years
The details (from wikipedia)

Biography

Binne Roorda (Easternijtsjerk, 4 maaie 1898 – Kamp Sandbostel, 25 april 1945) wie in Nederlânsk (haad)ûnderwizer, grifformeard teolooch en fersetsstrider fan Frysk komôf.

Biografy

Binne Roorda waard yn 1898 berne as soan fan Philippus Roorda Mzn en Grietje Roorda-Boelens. Philippus Roorda wie de boppemaster fan de kristlike legere skoalle yn Nijtsjerk. Binne hie trije bruorren en twa susters. Doe't er krekt sân jier wurden wie stoar syn mem. Heit troude fannijs mei de widdo Ytje Prins in 1913. Ytje Prins hie ien soan en trije dochters út in earder houlik. De twadde dochter wie Pietje Wassenaar. Sy wie sân jier âlder as har styfbroer Binne. Dochs boasken Binne en Pietje op 13 jannewaris 1921.
Binne gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard yn 1918 ûnderwizer op de skoalle fan Jeugddoarp De Glind fan de Rudolphstichting yn Barneveld. Yn 1921 waard er ûnderwizer te Nieuwlande, yn Drinte.Yn 1929 waard Binne Roorda haad fan de grifformearde legere skoalle yn Oudeschip yn Grinslân. Nei de berte fan harren seisde bern stoar syn frou Pietje op 6 desimber 1929.

Twadde Wrâldoarloch

Fan oktober 1942 oant begjin 1945 ferburch Roorda acht Joadske manlju, froulju en bern yn syn krappe boppewent oan de Ernst Casimirlaan 4a yn Grins, dêr't er al wenne mei syn fiif bern en húshâldster Maaike de Zoete.

Yn de iere moarn fan 7 febrewaris 1945 waard Roorda troch de Dútsers thús oppakt. De Joadske ûnderdûkers (en syn twa ûnderdûkte soannen) waarden net fûn. Roorda waard fêstholden yn it Scholtenhûs en letter yn it Hûs fan Bewar yn Grins. Healwei maart 1945 waard er op it lêste transport fan Grins nei it konsintraasjekamp Neuengamme, ûnder Hamburch, set. Healwei april kaam er nei in reis fan tsien dagen mei de trein yn it kamp Sandbostel oan. Dêr stoar er op 25 april 1945. It kamp waard op 29 april 1945 troch de Alliearden befrijd.

De Frânske seksje grêvetsjinst fûn yn 1955 de stoflike oerbliuwsels fan Binne Roorda yn in massagrêf. Hy waard yn 1958 op'en nij beïerdige op it earefjild yn Loenen.

Roorda ûntfong op 8 septimber 1996 de earetitel Rjochtfeardige ûnder de Folken fan de steat Israel. Yn it tinkboek fan it lanlik ferset Het Grote Gebod wurdt Roorda lid fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers en fan de Grinzer FersetsgroepGroep-De Groot neamd. Syn namme stiet yn de Earelist fan Fallenen 1940-1945. Roorda ûntfong postúm it Fersetsbetinkingskrús.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ettie Huizing, 'Hulp aan onderduikers' h6 yn: 'Verzet in Groningen' (1989), s.80-82


  1. Graf Binne Roorda
  2. (in) Yad Vashem
  3. [1]
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Binne Roorda is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Binne Roorda
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes