Bernard Jan Gratama
Quick Facts
Biography
Bernard Jan Gratama (Assen, 7 septimber 1822 - Delft, 26 juny 1886) wie in Nederlânsk rjochtgelearde en heechlearaar.
Prof. mr. Gratama komt út in juristelaach. Hy wie de soan fan mr. Sibrand Gratama, rjochter en boargemaster fan Assen, en in pakesizzer fan prof. dr. Seerp Gratama, abbekaat en heechlearaar rjochtswittenskip. Gratama troude yn 1852 yn Sieriksee mei jonkfrou Everdina Johanna de Jonge (1822-1878). Harren soan Seerp Gratama waard rjochtshistoarikus en ryksargivaris fan Drinte.
Gratama wie substitút-offisier fan justysje lêst yn Leien, referindaris Dept. fan Justysje. Hy waard yn 1858 heechlearaar yn Grins; Wie heechlearaar Natuerrjocht, Strafrjocht en Rjochterlike Organisaasje (1858-1877) en letter heechlearaar Wiisbegearte fan it Rjocht, Strafrjocht en Straffoardering (1877-1884). Gratama publisearre yn 1871 syn boek Verband tusschen godsdienst en regt.
Gratama hie in soad ynfloed op Alexander de Savornin Lohman, de lettere stifter fan de CHU. Hoewol't hy yn it begjin belutsen wie by de opbou fan de anti-revolúsjonêre beweging, naam hy dochs wat ôfstân doe't de militante Abraham Kuyper dêr in dominante posysje ynnimmen gie.
F.H. Bach skildere syn portret foar de senaatskeamer yn it Akademygebou fan de Grinzer Universiteit. Yn de Korreweiwyk yn Grins waard de Gratamastrjitte nei him ferneamd.