peoplepill id: baukje-wytsma
BW
Netherlands
3 views today
3 views this week
The basics

Quick Facts

Work field
Gender
Female
Place of birth
Reduzum, Boarnsterhim, Friesland, Netherlands
Age
78 years
The details (from wikipedia)

Biography

Baukje Wytsma (Reduzum, 1 april 1946) is in Fryske skriuwster en sjoernaliste. Nei har oplieding oan de PABO folge se in HBU oplieding foar de sjoernalistyk.

Wurkpaad

Har earste wurk bestie út bernepoëzij en ferskynde yn 1976 yn de bondel Romke Timen Tomke. De ferskes ûntstienen neist har wurk as skoaljuffer. Se skreau ek berneboeken en die mei oan bernefoarstellingen. Yn har dichtwurk komme de grutte tema’s yn de poëzij oan de oarder lykas leafde, dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit. Yn 2006 skreau se it Boekewikepresint De Stien tegearre mei Sjoerd Bottema.

Njonken it skriuwen fan poëzij en berneboeken makket Baukje Wytsma, dy’t ek as sjoernaliste wurket, yn opdracht fan tal fan Fryske sjongers lietteksten foar cd’s en teaterprogramma’s. Ek foar kabaretselskip It Wâld hat se skreaun.Lietteksten hat se skreaun foar Anneke Douma, Frederike Kleefstra, Roel Slofstra en Douwe Heeringa.

Boppedat wie se belutsen by eveneminten as Simmer 2000: Se is de tekstdichter van het Simmer 2000-liet dat songen waard troch Maaike Schuurmans, Rients Gratama, Piter Wilkens en Syb van der Ploeg. Ek wie se aktyf by it evenemint rûnom de PC yn Frjentsjer. Foar LF2018 skreau hja de tekst fan de keatsshow Heedaar..! dy't opfierd waard op It Sjûkelân yn Frjentsjer.

As sjoernaliste wurket Baukje Wytsma foar de Ljouwerter Krante en de Friesland Post.

Op 29 novimber 2018 waard Wytsma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau fanwegen har grutte fertsjinsten foar de Fryske taal.

Publikaasjes

Poëzij

  • 1980 : Noch ien slach om 'e buorren (1982, 2e útwreide pr.)
  • 1984 : It blau fan de Hortinsje (2005 Merkelrige)
  • 1987 : Heech gers (2005 Merkelrige)
  • 1989 : By ljochtskyndei
  • 1993 : In see fan wetter
  • 1997 : Thúslûd
  • 2001 : Kom mei in koer
  • 2005 : De dichter swijt
  • 2010 : Sân wylgen
  • 2013 : Ik ek fan dy

Berneboeken

  • 1976 : Romke Timen Tomke en oare opsizferskes (2e pr. 1978)
  • 1978 : De rare richelroek en oare opsizferskes
  • 1981 : De groetnis fan Anne
  • 1982 : Flintertútsjes
  • 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 1)
  • 1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne Keunsten (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 2)
  • 1989 : De saak Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 3)
  • 1990 : Omke Siger is in liger (tek. Carla van der Heijde, muzyk Jaap Oosterwyk: Berneboekegeskink nû. 4)
  • 1994 : Buorfrou Flap hat grutte earen (tekeningen Geart Gratama, muzyk Mette Meinou Piebenga)
  • 1997 : It swurd fan Lytse Pier (mei Akky van der Veer, tek. Karin Poiesz, Aksjeboek foar bern nû. 1)
  • 1997 : Kadootsje yn papier, berneferskes (tekeningen Babs Wynstra, muzyk Jaap Oosterwyk)
  • 1999 : Samar foetsy
  • 2001 : Lokaal 13
  • 2004 : De poes mei de lange sturt
  • 2004 : De blauwe loftfyts
  • 2006 : Dûnsje op in hynstekont
  • 2008 : Koesboek
  • 2009 : Koesboek (miny-edysje)
  • 2009 : Pasta, pizza & patat
  • 2012 : Snot & triennen en oare gedichten

Musikals en muzykteksten

  • 1981 : De letterfretter (en 1983) (bernemusikal)
  • 1983 : Romkje Roekenêst (bernemusikal)
  • 1987 : Villa Aria (en 1988) (muzykprojekt foar bern yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Tryater en it Frysk Orkest)
  • 2002 : Tritichtûzen doazen (muzyk Peter Sijbenga, bernemusikal)

Ferskaat

  • 1983 : Doch sels I (Karkribelje) (mei Meindert Bylsma, muzyk Hans ten Have, tek. Frits Klein)
  • 1985 : Doch sels II (spulje en spylje) mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
  • 1985 : Doch sels III (It geheim fan it Gouden Ljocht) (mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
  • 1985 : Patat Spesjaal. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei Meindert Bylsma, Douwe Kootstra, Tiny Mulder)
  • 2002 : Ivich Underweis 125 jaar wegen, vaarwegen en kunstwerken Provincie Fryslân
  • 2006 : De stien (mei Sjoerd Bottema, Boekewikegeskink)
  • 2007 : Dat wie doe sa: skoalle (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 1)
  • 2007 : Dat wie doe sa: beroppen (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 2)
  • 2008 : Dat wie doe sa: feest (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 3)
  • 2008 : Dat wie doe sa: iten & drinken: (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 4)
  • 2009 : Dat wie doe sa: sport (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 5)
  • 2009 : Dat wie doe sa: sjonge & spylje (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 6)

Prizen

  • 2004 : Ibby Honour List
  • 2007 : Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd, s. 11, 30 novimber 2018
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Baukje Wytsma is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Baukje Wytsma
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes