Albert Wiersema
Quick Facts
Biography
Albert Wiersema (Bedum, 28 augustus 1895 - dêre, 13 desimber 1966), yn fakliteratuer faak A. Wiersema, wie in Nederlânsk arsjitekt, dy't foaral yn it noarden fan it lân arbeide, benammen yn de provinsje Grinslân.
Libben en wurk
Albert Wiersema waard opbrocht yn Fraamklap, in buorskip justjes súdlik fan Middelstum. Hy waard timmerman en yn de jûnsoeren folge er lessen oan de Akademy Minerva yn Grins. Yn 1924 boude er syn eigen hûs anneks arsjitekteburo yn Bedum. Dêrneist wie er brânskeataksateur foar in fersekeringsbedriuw. Wiersema wie grifformeard en lid fan de ARP (letter fan it GPV), wat somtiids betsjutte dat er opdrachten misrûn. Yn 1963 moast er om medyske redenen mei arsjitektewurk ophâlde. Hy is yn desimber 1966 yn de âldens fan 71 jier yn Bedum ferstoarn.
Wiersema ûntwikkele in eigen fariant fan de styl fan de Amsterdamske Skoalle, mar nei de oarloch waarden syn ûntwerpen tradysjoneler en krige se mear skaaimerken fan de Delftse Skoalle. Soms arbeide er op mei syn doarpsgenoat en kollega Karst Zevenberg (1893-1960). It measte fan Wiersema's wurk - foaral wenningen en tsjerkegebouwen - binne yn Bedum en omkriten te finen. Ferkate dêrfan binne oanwiisd as ryksmonumint.
Galery
Middenstânswent yn Bedum, boud yn in regionale fariant op de Amsterdamske Skoalle
Grifformearde tsjerke (1932), Onderdendam (2010)
Kantoarwent mei achterhûs en garaazje Boterdiep Wz 32 yn Bedum yn ferstrakte Amsterdamske Skoallestyl (1935)
Frije Grifformearde Rehobothtsjerke (Twizel)
Pompgebou, Bedum (1936)
Sjoch ek
- List fan Nederlânske arsjitekten
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Albert Wiersema fan Wikimedia Commons. |