peoplepill id: adam-sijbel
AS
Netherlands
2 views today
2 views this week
Adam Sijbel
Dutch painter

Adam Sijbel

The basics

Quick Facts

Adam Sijbel
The details (from wikipedia)

Biography

Adam Sijbel (Amsterdam, doopt 5 april 1746 - Makkum, 24 septimber 1803) wie in Nederlânsk tegelskilder. Sijbel soarge foar nije ympulsen by it meitsjen fan siertegels yn Fryslân; boppedat joech er de toan oan foar it wurk fan it tegelfabryk yn Makkum.

Biografy

Sijbel waard 1746 yn de Lutherske Tsjerke yn Amsterdam doopt as soan fan de kommandeur Davit Sijbel en fan Catharina Swart. Hy waard oplaat ta plateelskilder by it tegelfabryk D' Oude Prins yn de Jordaan. Sijbel troude 12 july 1778 yn Amsterdam mei Saartje Pietersdr. fan Woensel. 1781 waard er lid fan de doperske gemeente. Om reden dat er dêr gjin takomst seach ferfarre Sijbel yn 1784 nei Makkum, faaks op foarspraak fan de doperske learaar Matthias fan Geuns, dy't 1783 predikant yn Makkum wurden wie. Van Geuns koe Sijbel noch fan syn stúdzjetiid (1779-1782) yn Amsterdam. Van Geunswenne njonken de reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma. Sijbel krige in oanstelling foar tsien jier by it tegelfabryk fan Kingma. Doe al, mar ek letter skildere er foat it aardewerkfabryk fan Tichelaar dêre. Sijbel hat foar it fabryk fan Kingma "het aanzien van het product bepaald". Sijbel stoar septimber 1803 mei 57 jier yn frijwat behyplike omstannichheden yn syn wenplak Makkum.

Monumintale en museale keunstwurken

De monumintale tegelwand mei tolve Tegeltablo's yn hotel De Prins fan Fan Sijbel (1790) is in ryksmonumint.

Wurk fan Sijbel is te finen yn ûnder oaren

  • it Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert
  • it Frysk Museum yn Ljouwert
  • it Frysk Skipfeart Museum yn Snits
  • it Metropolitan Museum of Art yn New York
  • de Koninklijke Musea voor Kunst en Geschiedenis yn Brussel
  • it Ryksmuseum yn Amsterdam

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
  • Pluis, Jan Kingma Makkum, útj. Primavera Pers, Leien, 2000 Keramiek Museum Kingma Makkum: Adam Sijbel

Noaten

Biografy

Sijbel waard 1746 yn de Lutherske Tsjerke yn Amsterdam doopt as soan fan de kommandeur Davit Sijbel en fan Catharina Swart. Hy waard oplaat ta plateelskilder by it tegelfabryk D' Oude Prins yn de Jordaan. Sijbel troude 12 july 1778 yn Amsterdam mei Saartje Pietersdr. fan Woensel. 1781 waard er lid fan de doperske gemeente. Om reden dat er dêr gjin takomst seach ferfarre Sijbel yn 1784 nei Makkum, faaks op foarspraak fan de doperske learaar Matthias fan Geuns, dy't 1783 predikant yn Makkum wurden wie. Van Geuns koe Sijbel noch fan syn stúdzjetiid (1779-1782) yn Amsterdam. Van Geunswenne njonken de reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma. Sijbel krige in oanstelling foar tsien jier by it tegelfabryk fan Kingma. Doe al, mar ek letter skildere er foat it aardewerkfabryk fan Tichelaar dêre. Sijbel hat foar it fabryk fan Kingma "het aanzien van het product bepaald". Sijbel stoar septimber 1803 mei 57 jier yn frijwat behyplike omstannichheden yn syn wenplak Makkum.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Adam Sijbel is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Adam Sijbel
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes