peoplepill id: abraham-salomon-levisson
ASL
Netherlands Germany
4 views today
5 views this week
Abraham Salomon Levisson
Nederlands opperrabbijn

Abraham Salomon Levisson

The basics

Quick Facts

Intro
Nederlands opperrabbijn
Work field
Gender
Male
Religion(s):
Place of birth
The Hague, County of Holland, Holy Roman Empire, Netherlands
Place of death
Tröbitz, Elbe-Elster District, Brandenburg, Germany
Age
42 years
Residence
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
The details (from wikipedia)

Biography

Abraham Salomon Levisson (De Haach, 8 juny 1902 - Tröbitz, 25 april 1945) wie in oerrabbyn.Yn 1935 waard er keazen ta opperrabbyn fan Fryslân en Drinte; yn 1942 kaam Gelderlân dêr noch by. Begjin 1943 ferfear er fan Ljouwert nei Amsterdam en op 29 septimber 1943 bedarre er yn Westerbork.

Libben en wurk

Levisson wie in soan fan Salomon Abraham Levisson, in fabrikant, en Julie Bondi. Hy wie boaske oan Adèle de Beer; hja krigen trije bern. Levisson studearre Semityske talen yn Amsterdam en folge dêr ek kolleezjes rjochtswittenskip. Teffens studearre er yn Amsterdam en Berlyn oan it rabbineseminaarje.

Levisson hie in strange tradisjonele libbensbeskôging, mar stie net frjemd foar oare libbensbeskôgingen oer.

Doe't der hoe langer hoe mear flechtlingen it lân ynkamen, en yn it Kamp Westerbork by inoar set waarden, krewearre Levisson foar ferbettering fan harren omstannichheden en naam ek de pastorale soarch op 'e noed. It brocht him de earetitel 'rebbe simche' (simche = wille). Doe't de Dútsers it lân ynfoelen besocht er fergees om 700 kampbewenners nei Hollân te krijen.

Levisson protestearre op it haadkertier fan de SS yn Ljouwert tsjin de skeining fan godlike en minsklike wetten.Begjin 1943 waard Levisson twongen om mei syn gesin nei Amsterdam te ferhuzjen, dêr't er noch opnaam waard yn it Rabbinaat. Hy waard arrestearre en kaam yn septimber 1943 yn kamp Westerbork telâne. Hy waard deportearre nei it kamp Bergen-Belsen.

Tsjûgen út Westerbork en letter ek Bergen-Belsen ferhelje fan in geastlik sterke, stânfêstige, behelpsume man, in ynspiraasjeboarne foar in soad minsken, dierber by minsken fan ferskillend leauwen en komôf.

Begjin april 1945 wie Levisson by de finzenen dy't fan Bergen-Belsen oerbrocht waard nei it konsintraasjekamp Theresienstadt. By it doarp Tröbitz waard de trein befrijd troch it Russyske leger. Levisson oerlibbe de treinreis net, lykas is protte oaren, en kaam yn in mienskiplik grêf byTröbitz.

Yn Ljouwert is in strjitte nei Levisson neamd.

Sjoch ek

  • Joadske gemeente Ljouwert

Literatuer

  • H. Beem, Opperrabbijn A.S. Levisson z.l., yn Nieuw Israëlietisch Weekblad 77 (1946) 42 (4 oktober) 4;
  • J. Sanders Ezn., ôlam' [Laten we Gods naam heiligen in de wereld] ibidem, 5;
  • A. Schuster, 'De idealist', ibidem, 4;
  • D. Cohen, Zwervend en dolend. De Joodse vluchtelingen in Nederland in de jaren 1933-1940. Mei in ynlieding oer de jierren 1900-1933 (Haarlim, 1955) 128 flg.;
  • Abel J. Herzberg, Kroniek der jodenvervolging, yn Onderdrukking en verzet. Nederland in oorlogstijd. Red. J.J. van Bolhuis e.a. (Arnhim, [ensf., 1947-1954. 4 dln.] III, 172;
  • H. Beem, Opperrabbijn A.S. Levisson, yn Bijdragen en mededelingen van het Genootschap voor de Joodsche Wetenschap 7 (1956) 35-37.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. Beem, Biografysk Wurdboek fan Nederlân 1 (De Haach 1979)
  • Joadsk Histoarysk Museum
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Abraham Salomon Levisson is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Abraham Salomon Levisson
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes