peoplepill id: ytsje-steen
YS
Netherlands
1 views today
1 views this week
Ytsje Steen
Dutch translator

Ytsje Steen

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch translator
Gender
Female
Place of birth
Sexbierum, Netherlands
Age
65 years
The details (from wikipedia)

Biography

Ytsje Steen (folút: Ytsje Frederika Steen-Buwalda; Seisbierrum, 21 april 1959) is in Frysk oersetster en korrektrise. Nei de legere skoalle gie hja nei it ateneum te Ljouwert (dêr't se û.m. eineksamen die yn Frysk), en letter folge se in siktarieel-administrative oplieding by Schoevers yn De Haach. Fan 1978 oant 1984 wie se wurksum op in notariskantoar yn Marrum. Se is troud mei Johan Steen, op 't heden (begjin 2013) ûnderwizer is oan 'e legere skoalle te Lollum, en hat twa bern, Jorrit (1984) en Marije (1987). Steen wennet te Boalsert.

Nei't de bern wat âlder wurden wiene, woe se wol wer oan it wurk, mar dat woe mar min slagje. Steen fûn einlings in baan by de Afûk, dêr't se op freelance-basis oan 'e slach koe as oersetster en korrektrise. Dat wurk hat se sûnt mei in protte nocht dien. Om 2007 hinne sette se it bekende en bekroande berneboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oer yn it Frysk ûnder de titel Kening fan Katoaren. Yn 2010 ferskynde dy oersetting by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. Fierders kaam yn 2014 by deselde útjouwer it boek De Fjoerdiamant út, in oersetting troch Steen fan it berneboek De Vuurdiamant, fan skriuwster Marianna van Tuinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 25 Jun 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Ytsje Steen is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Reference sources
References
Ytsje Steen
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes