peoplepill id: willem-hielkema
WH
Netherlands
4 views today
4 views this week
Willem Hielkema
Dutch journalist

Willem Hielkema

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch journalist
Work field
Gender
Male
Star sign
Place of birth
Gorredijk, Netherlands
Place of death
Leeuwarden, Netherlands
Age
56 years
The details (from wikipedia)

Biography

Willem Hielkema (De Gordyk, 14 desimber 1887 - Ljouwert, 15 juny 1944) wie in Fryske sjoernalist, skriuwer, tekener en toanielregisseur.

Wurkpaad

Willem Hielkema gie nei de hbs op it Hearrenfean. Dêrnei wurke er foar Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad mei bydragen fral op it mêd fan skiednis en folkloare. Sa skreau er ûnder oaren oer ulebuorden, mar ek oer de Fryske Bibelfertaling. Yn 1937 waard er haadredakteur fan it Nieuwsblad van Friesland.

As toaniellieder en algemien riedsman fan it "Ljouwter Toaniel Selskip" wie er ek ferantwurdlik foar it regissearjen fan de earste Fryske spylfilm "Kar út Twa". Ferskate akteurs út it toanielselskip dêr't Hielkema sûnt 1933 de lieding fan hie, spilen mei yn de film.

Hielkema wie yn 1935 ferantwurdlik foar de organisaasje fan de optochten troch Ljouwert bygelegenheid fan it 500 jierrich bestean fan Ljouwert as stêd dy't yn 1435 stedsrjochten krige. Ek wie er skriuwer en regisseur fan it iepenloftspul "Leeuwarden Eén", dat opfierd waard yn de Prinsetún by gelegenheid fan 500 jier Ljouwert.

As tekener makke er alle wiken in politike tekening "Leeuwarder Prentenboek" dy't yn it Leeuwarder Nieuwsblad ferskynde ûnder de skûlnamme 'Kraaiepootje'. Yn in fraachpetear sei Hielkema dat er leaver tekenlearaar wurden wie, mar dat dat neat wurden wie troch it drokke wurk foar de krante.

De parsereorganisaasje fan 12 septimber 1942 hie fan gefolch dat de Friesche Courant oprjochte waard, wêryn't de Ljouwerter Krante en it Leeuwarder Nieuwsblad opnaam waarden; Hielkema waard de plakferfangend haadredakteur.

Sûnt 1941 wie Hielkema teffens foarsitter fan it goa Fryslân fan it Verbond van Nederlandse Journalisten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hielkema, Willem.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 25 Jun 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Willem Hielkema is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Willem Hielkema
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes