peoplepill id: oebele-brouwer
OB
Netherlands
1 views today
1 views this week
Oebele Brouwer
Dutch politician

Oebele Brouwer

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch politician
Work field
Gender
Male
Place of birth
Sneek, Netherlands
Age
64 years
The details (from wikipedia)

Biography

Oebele Brouwer
politikus
echte nammeOebele Feike Brouwer
nasjonaliteitNederlânsk
bertedatum15 febrewaris 1960
berteplakSnits (Fryslân)
etnisiteitFrysk
partijnet partijbûn
boargemaster fan Achtkarspelen
amtsperioade2019 – no
foargongerGerben Gerbrandy

Oebele Brouwer (Snits, 15 febrewaris 1960) is sûnt 7 febrewaris 2019 boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Hy is net oan in politike partij ferbûn.

Biografy

Wurk by justysje

Foar't er boargemaster waard, wurke Brouwer 27 jier lang by justysje. Hy wurke ûnder oare by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, foar de noardlike resjerzje yn Grins en it lanlik parket yn Rotterdam. By justysje hat Brouwer tal fan grutte saken meimakke, lykas de moardsaak-Baflo wêrby't in plysjeman ombrocht waard en de ûntfiering fan de 11-jierrige Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De saak dy't Brouwer nei eigen sizzen benammen bybliuwe sil, is de moard op de Marianne Vaatstra fan De Westereen. Sy waard op 1 mei 1999 ombrocht yn in greide by Feankleaster. Brouwer wie yn de earste jierren parse-offisier.

Boargemaster Achtkarspelen

Nei't Gerben Gerbrandy yn 2018 bekend makke op te hâlden as boargemaster fan Achtkarspelen, skreau de gemeente in iepen sollisitaasje út. Brouwer wie ien fan de persoanen dy't dêrop reagearre. Dat Brouwer sollisitearre, hie te krijen mei de profylskets. "Doe't ik dy seach, de skets fan de Ried en dy fan de ynwenners fan Achtkarspelen, doe tocht ik: ja, dit moat wêze. Se beskreaune in Fryske boargemaster mei bining, dy't tusken de minsken stiet."

Brouwer wennet net yn de gemeente, mar wol flakby: yn Eastermar.

Njonkenfunksjes

Oebele Brouwer sit yn de advysried fan de Afûk, is foarsitter fan de sylried fan de SKS en gastdosint oan de plysje-akademy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wegener Sleeswijk, R.S. & Oldersma, L. (1999). Rechterlijk Friesland 1811-1999. Naamlijst leden rechterlijke macht, leden openbaar ministerie en griffiers, side 68. Uitgeverij Verloren, Hilversum. .
  2. Oebele Brouwer by ôfskied fan justysje: "Ekskús yn Vaatstrasaak hie passend west", Omrop Fryslân, 30 jannewaris 2019.
  3. Wâldpyk-boargemaster Brouwer kin dalik wer op 'e fyts nei it wurk, Omrop Fryslân, 13 desimber 2018.
  4. Ferbine en diele. Beliedsplan Afûk 2016-2020, Afûk, 2016.
  5. Uitspraak Zeilraad aangaande hoger beroep, SKS, 13 augustus 2018.
  6. Raad Achtkarspelen beveelt Oebele Brouwer aan als nieuwe burgemeester, Achtkarspelen, 13 desimber 2018.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 03 Jan 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Oebele Brouwer is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Reference sources
References
Oebele Brouwer
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes