peoplepill id: nils-arhammar
Sweden
1 views today
1 views this week
Nils Århammar
Swedish born linguist

Nils Århammar

The basics

Quick Facts

Intro
Swedish born linguist
From
Gender
Male
Birth
7 August 1931, Katrineholm, Katrineholm Municipality, Södermanland County, Sweden
Age
92 years
The details (from wikipedia)

Biography

Nils Århammar (Katrineholm, 7 augustus 1931) is in Sweedske taalkundige, dy't him spesjalisearre hat yn 'e frisistyk, en him benammentlik dwaande holden hat mei de Noardfryske taal. Århammar studearre germanistyk yn Uppsala, Múnster, Keulen en Marburch. Begjin jierren sechstich late er as wittenskipsassistint foar de Nordfriesische Wörterbuchstelle, oan 'e Universiteit fan Kiel, de stúdzje nei it gebrûk fan 'e Noardfryske dialekten Fering en Öömrang op 'e eilannen Föhr en Amrum. Neitiid krige er in oanstelling oan 'e Marburger universiteit, dêr't er yn 1966 lektor Sweedsk waard.

Yn 1968 waard oan Århammar de fuortsetting fan 'e gearstalling fan it wittenskiplike Hilgelânsk wurdboek (Helgoländer Wörterbuch) tabetroud. Yn 1974 waard er oansteld ta lektor Germaanske filology mei bysûndere ferantwurdlikheid foar it Frysk en it Nederdútsk. Yn 1976 waard er beneamd ta perfester Frysk en Goatysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn 1988 waard er oansteld as de earste en oant noch ta iennichste perfester Frysk en Fryske didaktyk oan 'e Universiteit Flinsboarch, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. Mei dizze learstoel yn Flinsboarch wie tagelyk it direkteurskip fan it Noardfrysk Ynstitút, te Bredstedt, ferbûn. Nei syn emeritaat, yn 1996, hat Århammar him tegearre mei syn frou Ritva op it wurk oan it noch altyd net foltôge Helgoländer Wörterbuch talein.

Wurk

  • 1966: Nordische Lehnwörter und lexikalische Stützung im Nordfriesischen
  • 1969: Die Amringer Sprache – Die Amringer Literatur, yn: Hansen, Margot; Hansen, Nico (ed.), Amrum – Geschichte und Gestalt einer Insel
  • 1967: Die Syltringer Sprache – die Syltringer Literatur (werútjefte 1975)
  • 1975: Die Sprachen der Insel Föhr: Föhrer Friesisch (Fering) und Plattdeutsch
  • 1979: Scripta Frisica: tinkbondel foar Arne Spenter (1926-1977)
  • 1984: Miscellanea Frisica: In Nije Bondel Fryske Stúdzjes = Een Nieuwe Bundel Friese Studies = A New Collection of Frisian Studies
  • 1993: Skriiw fresk; Schriw frasch; Skriiv friisk: Texte aus einem friesischen Literaturwettbewerb 1989/90
  • 1996: A Frisian and Germanic miscellany: published in honour of Nils Århammar on his sixty-fifth birthday
  • 2001: Handbuch des Friesischen – Handbook of Frisian studies (tegearre mei Horst Haider Munske et al.)
  • 2001: Aspects of Language: Studies in Honour of Mario Alinei
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Nils Århammar is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Nils Århammar
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes