peoplepill id: jaap-maarleveld
JM
Netherlands
1 views today
1 views this week
Jaap Maarleveld
Dutch actor

Jaap Maarleveld

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch actor
Gender
Male
Age
100 years
The details (from wikipedia)

Biography

Jakob Johan Maarleveld, meast Jaap Maarleveld (Vlaardingen, 11 maart 1924) út Fryske Peallen is akteur en oprjochter en mei syn frou artistyk lieder fan it noardlik toanielselskip de Noorder Compagnie (1966). Yn 1976 droech er de lieding oer oan Z. Kraus.

Gie nei toanielskoallen yn yn Amsterdam en Parys, debutearre yn 1947 by it Rotterdamsk Toaniel fan Ko Arnoldi, tusken 1950-1953 by it selskip Puck yn Amsterdam, tusken 1952-1956 by ABC-kabaret fan Wim Kan. Fan 1956-1959 by de Nederlânse Comedie, trije jier freelance.

Hy waard sûnt 1962 bekend fan telefysje troch syn haadrol yn de bernerige Okkie Trooy út de jierren '60 fan de 20e iuw. Ek liende er syn stim foar ferskillende harkspullen. Yn 1964 krige er in stúdzjebeurs foar de Sorbonne. Sette in soad toaniel oer, benammen út it Frânsk. Dêrnei hie er in roltsje yn de populêre searje Floris dêr't er de rol fan Karel fan Gelre spile. Wie ek te hearren yn it troch him oersette en bewurke harkspul Dood van een vrijgezel dêr't er de frijfeint spile.

Oant de jierren '90 waard it wat stiller, oant er de rollen krige yn ûnder oare De Bunker (1992) en Kruimeltje (1999). Fierders hie er in oantal gastrollen yn de telefyzjesearje Baantjer. Sûnttids is hy - benammen troch syn hege leeftiid - benbammen te sjen yn gast- of lytsere rollen. Hy is troud mei de aktrise Manon Alving.

Filmografy

  • 1962 - Okkie Trooy - Okkie Trooy
  • 1968 - Floris: Het gestolen kasteel - Karel van Gelre
  • 1992 - De Bunker - Van der Stam
  • 1998 - Baantjer: De Cock en de moord in de politiek - Barend Zoomers
  • 1999 - Kruimeltje - Alde buorman
  • 2002 - Baantjer: De Cock en de moordfilm diel 1 en 2 - Max de Vries
  • 2003 - Sloophamer - Jaap van den Berg
  • 2007 - Spoorloos verdwenen: De verdwenen stiefmoeder - Samuel Cohen
  • 2009 - De Co-assistent: Meneer Poelstra (Ofl. Een oude vriendin, 2009)
  • 2010 - SpangaS - Menear van Dam
  • 2012 - Van God Los: De Hear van Klaveren (Ofl. 3 Bitch Fight)

Harkspullen

  • 1985 - Dood van een vrijgezel - Frijfeint
  • 1985 - Het tuinfeest - Pope
  • 1986 - De moord op de antiquair - Antikêr

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Maarleveld, Jakob Johan.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Jaap Maarleveld is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Jaap Maarleveld
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes