peoplepill id: hendrik-bulthuis-1
HB
Netherlands
1 views today
1 views this week
Hendrik Bulthuis
Dutch hairdresser

Hendrik Bulthuis

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch hairdresser
Work field
Gender
Male
Place of birth
Burgum, Tytsjerksteradiel, Friesland, Netherlands
Age
56 years
The details (from wikipedia)

Biography

Hendrik Bulthuis (Burgum, 19 augustus 1892 - dêre, 31 desimber 1948) wie in kapper en skearbaas yn Burgum dy't de BM'er ûntwurpen hat.

BM'ers

As in frjemd skip foar de wâl lei rûn Bulthuis út de saak wei om te sjen. Hy koe eins net goed ha dat de sylboaten fan doe, meast gewoane skouwen de gruttere skippen net besile koe. Yn 1928 makke hy tekeningen en boude in boat dy't hy Burgumer Mar neamde, de BM'er. By it silen op de mar helle hy it midswurd omheech by de ûndjipten. It bliek dat de boat omraak sile woe. It brocht in revolúsje yn de jachtbou. De hûd fan in BM'er bestiet út lytse op inoar spikere latsjes. Se binne fêstmakke op mallen dy't sadwaande as spanten tsjinje, mar folle fierder útinoar stean. In soad minsken woene ek in BM'er. Foar Fl 100,- koe elk tekeningen, hout en in lape katoen keapje. Bulthuis hat syn rjochten nea fêstlein yn de foarm fan in oktroai. Der waard doe allinnich troch minsken mei jild syld en it wie Hendrik te dwaan om it silen foar de gewoane man te befoarderjen. Der kamen hieltyd mear BM'ers.

Yn 1931 makke hy noch in type BM'er mei in grutter túch, de sechtjin kwadraat. Foar bern makke hy in sylkano en as oefenboat in syl- en roeijol, de Bulthuisjol mei in lingte fan 5 meter en 10m² túch. Yn 1942 boude Bulthuis foar famyljes in sylboat op basis fan de BM mei in kajútsje der op.

Yn de jachthaven fan Burgum stiet in brûnzen byld út 1986, makke troch keunstner Gosse Dam. It stelt in hurdsiler op in BM foar mei ien hân oan it roer. Fan it Wettersportbûn krige hy de Lukaspenning foar syn fertsjinsten foar de wettersport. Yn2016 waard it akwadukt yn de Sintrale As by Burgum ûnder it Prinses Margrytkanaal troch nei him ferneamd. Ids Willemsma hat dêrby in keunstwurk makke, basearre op de troch Bulthuis ûntwurpen boaten.

Yn 1943 ferkocht Bulthuis de winkel en ferstoar fiif jier letter, 56 jier âld.

Toaniel

Hindrik Bulthuis wie in warber lid fan de Fryske Krite yn Burgum. Hy hat Fryske revu's en toanielstikken skreaun, wêrûnder

  • Friezen hâld moed
  • Postbus 4

Boppedat wie hy spiler en grimeur fan toanielferiening "Der Wie Ris". Foar syn fertsjinsten krige hy in earemedalje.

Sjoch ek

  • Burgumer Mar (sylboat)
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 11 Aug 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Hendrik Bulthuis is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Hendrik Bulthuis
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes