peoplepill id: david-midthunder
DM
1 views today
1 views this week
David Midthunder
American actor of Native American descent

David Midthunder

David Midthunder
The basics

Quick Facts

Intro American actor of Native American descent
Is Actor Film actor
From United States of America
Field Film, TV, Stage & Radio
Gender male
Birth 1962, Montana, USA
Age 60 years
Family
Children: Amber Midthunder
The details (from wikipedia)

Biography

David Midthunder (folút: David Paul Midthunder; it Fort Peck Yndianereservaat (Montana), 1962) is in Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf. Hy is in registrearre lid fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (in stamme mei federale erkenning), en is fan mingd etnysk komôf, foar in part Hûnkpapa-Lakota, foar in part Sisseton-Dakota en foar in part Hûdesjabina-Assiniboin. Midthunder waard yn 'e tradysje fan syn folk grutbrocht. Hy naam diel oan it sinnedûnsritueel, in inisjaasjerite, besiket noch altyd swithutten en nimt diel oan tradysjonele dûnsen.

As akteur hat Midthunder bekendheid krige mei rollen yn tillefyzjesearjes as Into the West (2005) en Comanche Moon (2008). Ek hat er beskieden roltsjes yn in stikmannich films hân, wêrûnder Terminator Salvation (2009), The Last Stand (2013) en Transformers: Age of Extinction (2014). Dêrnjonken is er fral ek wurksum efter de skermen, as adviseur oangeande de Lakota-kultuer by in ferskaat oan Hollywoodproduksjes. Fierders hâldt er lêzings oer syn folk en kultuer, en is er in feardich surfer. Syn frou Angelique Midthunder, dy't fan Taisk komôf is, wurket ek yn 'e filmyndustry (as aktrise, stuntfrou en casting director), en harren dochter Amber Midthunder is ek aktrise.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 07 Aug 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Sections David Midthunder

arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes